vrijdag 14 september 2012

80 euro boete

"80 euro boete foar fytsen op de stoep" lês ik yn de krante.
De plysje yn Amsterdam begjint nije wike in aksje om it fytsen op de stoep werom te bringen.
Ik kin net goed beoardiele hoe grut it probleem dêr is.
Fytse op de stoepe is ferfelend at der in soad minsken rinne. Seker at de fytsers der lâns jaaie en gjin respekt ha foar rinners.
Kom ris yn it bûtenlân op de fyts. Fytse mei dêr oeral.
Op de sneldyk lykas yn Ingelân en Frankryk.
Op stoepen lykas yn Dútslân, Eastenryk, Denemarken en Sweden. Yn dizze lannen hâlde fytspaden samar op en begjinne ek samar wer. Tuskenllizzende stikken binne dan stoepen wêr't je gewoan fytse.
As fytser pas je je gedrach en snelheid wat oan at der rinners binne.

Fjouwer kear yn de wike bin ik yn oertreding.
Bij it station yn Snits helje ik moarns in Spits. Krekt as alle oaren dy't dat ek dogge fytse wij nei de krante jonge dy't hast op it perron stiet. Moai is dat. Rinners, wachters en fytsers allegear op de selde stoepe.

Mocht it Amsterdamse stopebelied ek yn Snits útfierd wurde, dan losse wij dat sels wol op. In pot giele ferve en dan hawwe wij ek in fytspaad. Sa lizze se de fytspaden yn Sofia ek oan.


1 opmerking:

Unknown zei

Mooi stukje Aant. Kan je hem ook plaatsen op blijdatikfiets