woensdag 12 september 2012

Kom yn de stimming mei BOB


Jim hawwe se fêst wol sjoen oan de kant fan de dyk. De Bob affysjes. 
Miskien hiene jim efkes it idee dat it in nije partij wie wêr't jim hjoed op stimme kinne.
Stimme op Bob. Dat hie wat west.
Der sit lykwols wol in hiel grut ferskil tusken Bob en al dy listlûkers.
Bob stelt jim net teloar.
Bob docht wat hij taseit.
Bob soarget sneon foar in prachtich programma foar in priis dy't net feroaret troch koalysjes of efterkeammerke  ôfspraken.
Bob smyt net mei drek lykas dy oaren, nee Bob sil der foar soarge dat jim net yn de drek komme te stean.
Bob hat it net oer pensioenleeftiden en AOW. Bob noeget gewoan elkenien út. 
Dit feest is foar jong en âld. 

Ek in ferskil is it feit dat de prognoases fan BOB wol útkomme, yn tsjinstelling ta dy fan de ferkiezingen,
Bob's prognoase:
Sneon droech, mei literêre hichtepunten en mei stoarmeftich goeie muzyk dy't ôfwikseljend foar de wyn en yn de wyn hat. Fierders is der reade en wite wyn en kin der hege druk ûntstean, wat gelyk ferholpen wurde kin.
En mocht der in ferdwaald buike komme, dat kinne se fansels net hielendal útslute mei Paulusma sa ticht bij, dan sille the Fortunate Sons harren bêst dwaan om dat buike fuort te sjongen.



Sjoch hjir foar it programma

Geen opmerkingen: