vrijdag 20 januari 2012

Foar mij gjin slachterin 2012

Yn 2000 rûn ik de Slachte. Dat wie de lêste kear dat ik op in dei mear as 20 kilometer rûn ha. En dat soe ek best wol ris sa bliuwe kinne. Ik bin net sa'n rinner.
Yn 2000 rûn ik mei in teasjurt mei de sels makke tekst: "Rinne wij wol lyk". Nee dus.



Yn de Ljouwerter Krante stiene de oare deis 42 foto's fan dielnimmers. Op alle kilometers ien.
Dy foto fan mij waard makke nei dy freeslike 42 kilometers en 195 meters.
Op de blierretrochpriktafel. Blierren sa grut as de hakke, blierren sa grut as alle teannen. Op beide fuotten.
"Hoe giet it", hat mij doe immen frege.
Flits, in foto. Neist de foto fan de winner: Gerrit Kramer. In grutter kontrask koe hast net.



"Fan myn libbensdagen net wer" haw ik doe noch útbringe kind.
Alteast dat is de tekst bij de foto yn de krante.
Ik haw myn wurd holden yn 2004, yn 2008 en sil seker myn wurd hâlde yn 2012.

Ik haw mij wol alfêst in byld makke fan dizze rintocht. It sil in grut ferskil wêze mei 2000. Doe wiene de mobyltsjes yn opkommen en waard der omraak belle.
No sil der omraak twittere wurde. Op de Slachte sille tûzenen twitterje
#dat se aaklik betiid fan bêd binne
#dat se yn de file stean foar Easterbierum
#dat se lang op in bus wachtsje moatte
#dat de bus der einliks is
#dat se foar de start al bekôf binne fan it wachtsjen
#dat se hast starte meie
#dat der noch 9863 minsken rinne foar in goed doel
#dat it stik efter Boazum dreech is
#dat de sinne troch brekt
#dat de brêge fan Reahûs in kûtebrekker is
#dat ze nog nooit van de Kliuw hebben gehoord
#dat de Nije Kromme in flinke klim is
#dat het gigantisch gezellig is tussen al die Friezen
#dat it korps fan Wommels krekt ophâldt at wij der oankomme
#dat it de sinne trochbrekt
#dat wij bij Swarte Beien op de helte binne
#dat it suver wol goed giet
#dat it no wol hiel drok is op de dyk
#dat der irritante lju binne dy't foardringe bij de húskes
#dat de pisserij foar froulju tûkelteammen jout
#dat it no begjint te reinen
#dat  Clinton net mear yn Achlum is
#dat wij de brêge bij Frjentsjer al sjogge
#dat de batterij hast leech is
#dat wij der binne
#dat wij wachtsje op dy en dy
#dat it in moaie dei wie.


Geen opmerkingen: