donderdag 15 januari 2009

Feyenoord

Wij as Feyenoord supporters mienden dat de (UEFA) beker al leech wie, mar it is no wol dúdlik dat der in dûbbele boaium ynsit. Ik wit net hoe lang ik dit noch ferdrage kin. Foar mij hâldt it echt op wannear Feyenoord no oer giet ta it oanstellen fan de man dy't foar mij hielendal ôfdien hat: Willem van Hanegem.
Ik warskôgje it Feyenoord bestjoer, gean net oer ta it oanstellen fan dy man, want dan is der echt in supporter minder.
Lit mij dúdlik wêze, myn tsjinsin tsjin Ajax bliuwt like grut. Dat is miskien noch in treast.
En at it goed komt at Beenhakker syn ferantwurdelikheid nimt dat betwifelje ik.
Sjoch nei dit prachtige filmke oer in tiid dat it ek net sa goed gie mei Feyenoord.

1 opmerking:

Anoniem zei

Aant,

It kin altyd noch slimmer. Der is sprake fan dat Beenhakker oanlutsen wurdt as ynterim-trainer. It folgende seizoen kin hy dan in funksje krije as technysk-direkteur.

Beenhakker wie ek de man dy't sei:"de cirkel is rond, ik ben weer thuis!". In skofke letter sit er by Aj..!!