maandag 16 november 2009

Jim litte it raar sitte

Beste Wommelsers,

It fisyplan fan Wommels 2010-2020 is krekt lyn presintearre. At jim it goed lêze, dan komme jim ta de konkluuzje dat jim as Wommelsers wol aardich tefreden binne en dat de pylken foar de takomst rjochte wurde moatte op behâld fan de dingen dy't der al binne.
Nei in oantal muzykjûnen konkludear ik dat it behâld fan goeie dingen net jildt foar muzyk en teater, sis mar kultuer.
De Troanies, in aktive groep jongeren dy't rockjûnen organiseart, sjogge se jim te min, en dêrtroch binne der te min minsken dy't de kassa passeare. En rop net : ik wist it net. It hat oeral stien en oanplakt west.
Bij Tryater litte jim it ek hielendal ôfwitte. Soms wol in heal folle seal, mar foaral mei minsken fan bûten. It is no al sa fier dat Tryater dit seizoen net in nij stik nei Wommels bringt, mar it âlde Arendz spilet Arents bringt.
En doe wie dêr koartlyn Ted Roozendal dy't Marlene Dietrich spile. Jehannes Hibma krige triennen yn de eagen fan de opkomst en skreau dêr al oer hoe teloarstellend hij dat fûn.
En dan binne dêr de Sneinslûden: Ferline jier wie it jier fan prebearjen, mar no moat it der wol stean. Twa prachtige muzikale middeis/jûnen hawwe der no west en it oantal Wommelsers dat lâns komt, is op in pear hân fol te tellen. En at der te min Wommelsers binne, dan binne der ek te min minsken.
En dan doarre sommigen fan jim ek noch te roppen dat der neat te dwaan is yn Wommels.
Der is fan alles te dwaan yn Wommels, mar je moatte de doar der wol foar út.
At je op de fisyjûnen optekenje litte dat it aksint lizze moat op it behâld wat wij hjir hawwe, dan sille wij der sels ek wat oan dwaan moatte.
Dat betsjut op 'e tiid yn eigen doarp wat keapje en nei kulturele dingen gean, lykas it korps, de toanieljûnen en al dy muzykjûnen dy't der binne.
Of fiele jim no al te âld om út te gean?

De groetnis fan in âld man mei in jong hert en jong gefoel
Aant

2 opmerkingen:

Anoniem zei

Ik fyn ek wol wat fansels en diel dat dan hjir mar eefkes mei dy. Sneinslûd liket my hatstikke leuk mar ik bin der noch net west.
Wat my oan belanget mei it wat earder op de middei en sûnder iten. Want de snein is it no krekt sa'n geskikte dei om mei de hiele húshâlding te iten. Der hoecht net ien te sporten ofsa. Ik tink dat in hiele kategorie mei bern dizze middeis sitte lit om 't it gewoon net handich is mei lytse/jonge bern. Bliuwe oer de âlderein en frygesellen as allinichsteanden.
Binne der meer minsken dy 't hjir wat fan fine????????
Lit it eefkes witte ju.

Wybren zei

‘De boer socht om it hynder en hy siet der op’

http://www.youtube.com/watch?v=AzUplw722VM

Werom de bern net meinimme?

Groetnis,

Wybren