vrijdag 6 november 2009

Rampen kome...kent skele ju

Doe't ik yn it ferline mei de bus nei Ljouwert reizge, riden wij bij de Boksumerdaam lâns. En dêr stie in elektrisiteitshokje mei dêrop de tekst: Rampen komen.....kent skele ju. 6 novimber gyngen der wer hiel wat sirens ôf. En tocht gelyk oan de krekt neamde tekst en skriuw it folgende stikje foar stjoerder.nl

Wat in ramp
Wommels, Freed 06 Novimber 2009, 16:32 oere
Ynstjoerde kollum troch Aant Hofstra

Dat is efkes skrikken freedtemoarn. De sirenes geane ôf. Yn hiel Fryslân. En it is net de earste fan de moanne ek net freed de tretjende. En foardat ien him ek mar ôffreget wat der is, geane alle remmen los.

Alle helptsjinsten wurden rjochting Dronryp delegeard. Ambu’s dy’t ûnderweis binne mei oare pasjinten wurde leechhelle, brânwachten dy’t dwaande binne mei oare brannen meie de boel de boel litte en bonnen útskriuwende plysjes meie echt oan de bak. De ANWB melt in file mei in heech blau swaailjocht gehalte rjochting Dronryp.

Boargemasters fan alle gemeenten wurde op harren lintsjeknipdei nei it gemeentehûs dirigeard om neffens it protokol “grutte rampen” lieding te jaan oan elkenien dy’t mar harkje wol. Sporthallen wurde ûntromme en elkenien moat binnen bliuwe en harkje nei de radio mei it needpakket bij de hân.

Omrop Fryslân, de kranten, stjoerder.nl en alles wat filmje en skriuwe kin fljocht nei Dronryp. Foar sa fier se it rampgebiet noch berikke kinne. Bij de Omrop setten se gelyk in oantal minsken efter de mikrofoan dy’t it Nederlâns wat machtich wiene. En ferslachjouwers Hayo B en Gerrit H wurde yn oarlochpakken hesen om ferslach te dwaan op de lokaasje mei gefaar foar eigen libben.

Balkenende wurdt belle, Obama krijt in sms-ke en de loftmacht stjoert 4 F-16 fleantugen de loft yn. Want it is ûnderwilens dúdlik. Der is in slang kapot gien en der is wat saltpetersoer lekt yn en bij de sûvelfabryk. Ferfelend at je it ynademje dus mûle en noas ticht, soe it adfys wêze kinne.

Op it selde stuit wurdt ek noch in waarsintrum ynrjochte mei Piet Paulusma oan it haad dy’t assisteard wurdt troch wyndeskundigen, wolkdeskundigen en atmosfeardeskundigen. Hiene wij hjoed te meitsjen, mei in súdweste-, in flap- of en hurde wyn. Waarkompjoeterdeskundigen wurde ynhierd om it paad fan de gifwolk te folgen.

En yn de studio fan Omrop Fryslân is it in kommen en gean fan oare deskundigen: in rampedeskundige, in sâltpetersoer deskundige, in gifwolkdeskundige en in slangdeskundige.

Psychiaters, psychologen, haptonomen en gebedsgenêzers stiene klear om help te bieden.

Nei in goed oere wurdt it sein master jûn. Omrop Fryslân besiket it noch in oere te rekken mar de helpferliners taaie ôf. Ambu’s sykje de earder út de auto smiten ferwûnen wer op, brânwachten geane wer nei in heabroeike en de boargemasters slaan harren sels op de boarst want dizze ramp hawwe se mar moai tsjingas bean.

En Cambuur siket noch kontakt mei de KNVB en mei Excelsior. Kin it jûn allegear wol trochgean? Is de feilichheid fan ús spilers en ús hûnstrouwe publyk fol garandearre. “Ja”, seit de KNVB. “Geen probleem”, sizze se bij Excelsior, “zo iets gebeurd hier dagelijks op de Maasvlakte, daar worden wij niet anders van.”

En jûn en moarn dan komme de fragen. Earst komme der allegear suggestive fragen fan de Omrop: wie dit net wat oerdreaun, werom net dit, werom net dat.

En dan komme der fragen fan ien fan de fraksjes yn de Steaten: wêr wie de kommisaris? En de fragen fan Atsma of de Rouwe yn de Twadde keamer sille fêst ek wol wer hout snije.

En ik? Ik bliuw ek mei in fraach sitten. Hoe is it dochs mooglik dat troch ien ferkearde druk op de knop der sa’n grut sirkus optúgd wurdt ?

Aant


Geen opmerkingen: