zondag 12 juni 2016

De oare kant fan it stek

Anne Brouwer naam freed ôfskie  as lieder fan SDS 1,
25 jier lang wie hij dêr mei dwaande.
Ik spruts efkes út namme fan oare SDS supporters:

De leste wiken roppe de affysjes yn ús doarpen us fan alles ta.
Net mear whatsappe op de fyts,
in sirkus op de Terp yn Wommels
en........ Anne Brouwer nimt ôfskie.

Dat leste wie al gjin nijs mear mar toch.
Yn op é Skille stie it okkerdeis sa treffend yn de kop:

Nei 25 jier lieder bij SDS 1 stiet er tenei oan de oare kant fan it stek

Oan de oare kant fan it stek.
It plak wêr't wij as supporters al 25 jier stean.
Oan de oare kant fan it stek is foar Anne net in allinne  in simpel meterke nei efteren.
Nee, it is folle mear.
It is it ôfsluten fan in lange tiid in rol spile te hawwe bij SDS .
Bij SDS 1.
Yn it ferhaal fan op é  de Skille en en ek yn Diggelfjoer wurdt yn fûgelflecht  de hiele karriere as lieder trochrûn.
Ik tink sûnder plakboeken derbij, want Anne hie it allegear noch út é holle,
skat ik sa yn.
It sil in perioade west ha mei alles der op en der oan.
Begong yn 1991 mei Hylke de Vries as trainer.
1991,
wêr is de tiid bleaun?
Yn 1991 adfertearden de Gebr Vellinga yn de Treffer mei




Wie Ruiter noch aktyf as molkboer yn Womemls en Lollum en yn syn adfertinsje stie altiten











Fuotbalskuon en oare sportartikelen waarden noch kocht bij Harry Okkema en net fia in tsjuster websinkeltsje yn Sjina


Yn oktober 1991 dan is Anne noch mar in pear moanne oan de slach dan stiet dit yn de Treffer
Wisten jim dat......


Ik haw gjin idee wat dat lêste is, mar dat hij it 25 jier úthâlde soe..dat kin net at hij allinne troch de froulju op hannen droegen waard. 25 jier lyn 1991 in kompetysje mei:

25 jier lieder
mei djipte en hichtepunten,
mei degradaasjes en promoasjes.
Spilers kamen en gongen,
trainers kamen en gongen mar Anne bleaun.
Ek doe't de wrâld  twa kear stil foar de famylje Brouwer.

Anne dy't as lieder altyd krekt wat mear wist as ús efter it stek.
Dy’t dan krekt wol of krekt net wat fertelde.
Wolris wat geheimsinnich die.
It wol wist, it net sei.
Mar dêrom koe hij it ek sa lang úthâlde.
No is it 2016,
25 jier letter en is it dien. 
Ut namme fan  alle supporters
Anne,
fan herte wolkom oan dy oare kant fan it stek.

Petearke

Op tongersdei doch ik mei oan de pleinwacht
dat is meast in "drok" healoerke
want je moatte oeral eagen en earen ha.

Ik brûk myn earen it leafst foar moaie petearkes.

"Meester, weet je waar ik op vakantie naar toe ga"
freget in Marokkaans famke mij.
"Marokko"sis ik sûnder nei te tinken;
"Bijna", je mag raden, Belgie, Duitsland of Algerije
"Algerije" sis ik
"Ja", ropt se entoesjast, "hoe weet je dat?"
"It wurdsje 'bijna" ferriedt in hiel soad", sis ik har.
"Hoe lang, waarom daar na toe, ben je er eerder geweest"
allegear fragen dy't ik har stel.
Se giet nei har heit yn Algerije, se giet foar it earst
en se hat er sa'n sin oan, docht bliken,

Der ûntstiet in moai petear,
wêrbij ik it antwurd skuldich bliuwe moat
wat de haadstêd is fan Algerije
en dat ik ek net wit
wêr't de stêd leit dêr't se hinne giet leit,
it seit genôch oer mij.

"Drie weken naar Algerije
en nog twee weken op de kamping"
"Wêr is dy kamping?"
"In Oudemirdum" jout se oan
"Ah, de Wapse,"jou ik gelyk oan.

Ferbaasd sjocht se mij oan....
"ken jij die?"  

Ja, ik wit no ien kear mear
fan Aldemardum as fan Algerije....
tink ik


maandag 6 juni 2016

De kuolboks fan Klaas




In dei mei de bus nei Fortarock freget in goeie tarieding
kaartsje foar de bus
kaartsje foar it terrein
beurs en tillefoan
sinnebrân,sinnebril en in pet
en fansels  in hapke en in snapke

dat lêste is nedich
want it wurdt  in lange reis der hinne
en in lange reis werom.

en sa steane wij
moarns om 8 oere
oan de Terp yn Wommels
mei taskes fol snobberij
te wachtsjen op de bus
en dêr stiet Klaas Kamstra mei syn kuolboks
mei wat kâld bier
foar him en syn maten
foar de weromreis
want metal en rock makket toarstich en hongerich

"dizze bus bliuwt hjir net stean hjoed"
seit de sjoffeur at wij te plak binne yn Nijmegen
"jim kinne neat yn de bus efterlitte"

as in tongerslach en in bliksumskeet komt dit oan,
lichte panyk makket him master fan de groep
"hoe moat it no mei de woarst?
en de hite nútsjes,
de beleine broadsjes,
en it drinken,
hoe komt it mei de kuolboks fan Klaas?

En sa steane wij al foar tolven moarns,
foar de yngong fan it terrein
woarsten te iten
broadsjes te kôgjen
hite nútsjes te knabbeljen
en ....in kuolboks leech te drinken

mei folle búken,
it iten en drinken oan de strôt ta
kinne wij nei binnen;
lege tassen efterlittend
yn  de beammen
en in lege kuolboks ......yn it strewelleguod

jûns 11 oere is it dien
tiid om de bus wer te sykjen
en sjogge wij dat
de lege tassen der noch hingje
en sjocht Klaas dat syn kuolboks der noch stiet
leech
sa't Klaas him efterlitten hat
want it bier wie 12 oeren earder al opdronken.

Klaas is wer thúskommen mei syn kuolboks
dy kin oare kear wol wer mei...


Wat in dei sa'n metaldei


In lange moaie dei juster.
Moarns om 8 oere út Wommels 
nachts om 3 oere wer werom
yn de bus mei
13 man út de buert fan Easternijtsjerk
15 út de buert fan Wommels
en inkele losrinnende rockers/metalisten oppikt
yn Snits, Kampen, Swolle en Dolfijncity

21 optreden dêr yn Nijmegen
yn it tige waarm Goffertpark;
troch oerlap fan 4 bands neat sjoen
mar fan 17 oaren wol
en wat in ferskaat
wat in fermaak
parchtich en machtich
mei allegear gesellige minsken

wat in dei sa'n metaldei


Hjir bij de black metal fan Dark Funural út Sweden


hjir bij de Noaren fan Amon Amath....machtich

it ferrassend moai, suver yntym optreden fan de hardrockers Bombus ek út Sweden

It bysûndere optreden fan Babymetal út Japan, Se setten de grutte tinte op 'e kop mei harren oansteklike paskes, sûnskes, stimkes en strakke band

Fan tichtbij sjocht er sa út......


It gesellige optreden fan Eluveitie út Switserlân..Lekker folk metal....

King Diamond mei in folle bak 




Obituray



en allegear gesellige minsken
mei harren sjurts
dy't oanjouwe wat se al meimakke ha op muzykgebiet
en oare moaie teksten sa as : Wij sille nea knibbelje



vrijdag 3 juni 2016

vW


"Wist wol wat dat vW stoarn is"
frege myn frou juster middei doe't ik thúskaam.
"VW", doe bedoelst van Wermeskerken?
Se ferwiist mij nei  op'e Skille
en ja hjer dêr stiet it dus...

Peter van Wermeskerken,
better bekend as VW 
wie learaar op de Mulo yn Wommels

It wie menear van Wermeskerken 
sa't it yn dy tiid wie,
en it wie VW
at wij it oer him hiene
en at wij syn namme skreaunen

Learaar Nederlânsk,
en learaar Dútsk,
mar mear noch in man 
mei entûsjasme, 
mei belangstelling 
mei ideeën
mei fleur en faasje

de man fan it toaniel en it kabaret

vW
sa no en dan seach ik him rinnen
tusken Iens en Wommels
dan wie hij op wei nei de winkel
en de byb

Op dat lêste plak haw ik foar it lêst mei him praten
oer syn honger nei boeken en it lêzen
en mei waarme belangstelling frege
hij hokker boeken  myn belangstelling hiene
en hij fertelde oer dat prachtige boek Stoner.

in oantal wiken letter hie ik Stoner yn é hús,
want in tip fan de eardere learaar Nederlânsk
dy slaan ik net yn de wyn

Stoner, wat wie it in  prachtich  boek 
en ik wie fan doel om it der nochris mei him oer te hawwen
at ik ik him treffe soe
op it trekpaad oan de Boalserterfeart
tusken Iens en Wommels

dat slagget net mear
helaas....
in moai minske is dea
hij lit bij mij  geweldige herinneringen efter



tredde klasse Mulo, toanielspylje


mei vW as regisseur en haadrolspiler


zondag 29 mei 2016

De gewoane Slachte

"Maar, zegt Immie Jonkman
yn de Ljouwerter Krante fan juster,
de Slachtemarathon mag niet overladen worden met vertier,
"Der binne ek plakken dêr't neat is as it lânskip.
Dêr kinst gewoan de fûgels hearre."

Dat binne wurden út myn hert,
betocht ik fannemoarn betiid
doe't ik in diel fan de Slachte fytste

Ik hoop yndie ek dat de rinners oandacht ha
foar it gewoane byld,
mei âlde monuminten

foar it gewoane lûd
fan kij dy't wer bûten rinne meie
(of moatte, foar in fatsoenlike molkpriis)

foar it prachtige lûd
fan de skriezen yn de buert fan Murk syn  fûgelparadys

De Slachte is in monumint,
it fytsen dêr ferfeelt mij nea
en sa sille rinners dat hopenlik ek erfare

Hoewol,
wat wol ferfeeld oan de Slachte
dat is de nepko
en de nepljip
yn de buert fan Swarte Beien

dêr kinne om mij
wol wat pakken hea foar setten wurde






zaterdag 28 mei 2016

Blues




De tinte fan Sichting Terplûden stie dizze wike op de Terp
tige tapaslik, sjoen de namme.
it doel wie dat de tinte dizze wike in iepen poadium wêze soe;
woansdei song in koar en freed wiene it  de bluesklanken,
de oare dagen wiene noch frij,,,,
dat moat in folgjend jier oars.





















Blues dus
op freedtejûn
de All Star Blues band
In tige noflik barren
mei gesellige minsken,
in sfearfol Terpterreintsje
en in prima bluesband.

Kin wol werris

maandag 16 mei 2016

Kieft


Lêze
it is in moaie hobby
mei in grut ferskaat oan boeken

ik bin leafhawwer fan misdieboeken
foaral út Skandinavie

somtiden
pik ik sa'n populair boek mei
oer René
of Zlatan
of sa as dizze Kieft.....

Boek Kieft
is wol ien fan de minsten 
fan de lêste jierren

wat in freeslik boek

woensdag 11 mei 2016

Frysk diktee


Fan te foaren Taalweb noch efkes trochsjoen 
foar de nije staveringsrigels
en wapene mei twa pinnen sette ik ôf nei Ljouwert:
meidwaan oan it Grut Frysk diktee



In noflike ûntfangst mei debutanten,
betûfte dikteeskriuwers en
Bee Effers (Bekinde Friezen)


televysje opnames,
dus in lêste ynstruksje oan Karen Bies
en dêrnei koe it los .......


Karen Bies lêst 7 sinnen foar dy't wat lingte oangiet,
yn striid binne mei de noarm fan hjoeddedei.
Sinnen sa lang dat ik se normaal as alinia omskriuw.....

It wie der waarm, mar ûntspannen.
Ik siet yn "it woanskip"
mei Anneke Douma rjochts foaryn
as frou op de útkyk 
en dy't goed kontakt hold mei de foarlêster Karen

wij sitte ûnder hite brânende lampen
dêr't net in sinne tsjinop kin (Redneck)


skriuwe , ....skriuwe 
it is efkes wenne

Nei ús switten
sil de sjuery switte
trije kertier letter witte wij de winners
witte wij ús flaters
wit ik dat it noch allegear wol wat better kin.....

in machtich moaie jûn 
dêr yn de Steateseal.

De beste dikteeskriuwer wie Fedde Dijkstra út Wurdum. Hij hie 10 flaters,
De beste bekinde Fries wie Tamara Schoppert; Sij hie 22 flaters
Ik wie de beste fan Wommels mei 31 flaters

It diktee is hjir te finen



dinsdag 10 mei 2016

Volendam

















Volendam moet maatregelen nemen om te anticiperen op de toenemende stroom van toeristen. In de komende jaren groeit het bezoekersaantal naar verwachting van 1,4 miljoen toeristen naar 2 miljoen.

Dizze ynlieding stie bij in artikel oer Volendam
op Nu.nl

Nijsgjirrich puntsje fyn ik dat
Volendam...
Meast ien kear per jier kom ik dêr,
as fytstoerist
op wei nei moaiere stêden en doarpen

























want Volendam
ik fyn it hielendal neat.

At je net fan dy flutsoeveniers hâlde
en ek net fan fisk
dan binne je dêr yn twa minuten útsjoen

At er ien "attraksje" yn Nederlân is
wêr't je stroffelje oer de minsken
dy't op syk binne nei neat
dan is dat wol op de Dijk yn Volendam

der binne tal fan stedsjes oan it Iselmar
dy binne leuker, dêr is mear te sjen
mar ja Volendam hat de namme

al dy minsken
dy't dêr omrinne
dat is de attraksje
oars soe ik it net witte.....

Oke,
De muzyk miskien
fan Specs Hildebrand, earder fan Jen Rog.


vrijdag 6 mei 2016

5 maaie

Ljouwert,
5 maaie
it Befrijdingsfestival
it programma aardich yn 'e holle
mar de programma-app bij de hân

mar earst....

....in hiel ein rinne,
bij allegear lege parkearterreinen lâns
wêrom kinne dy op sokke dagen net iepen foar besikers
dy't "klant" binne bij de Friesland, ING,
Achmea, UWV en de Belestingtsjinst



Op dit poadium, oan de foet fan de efterkant fan de Aldehou,
moaie optredens sjoen fan The Blind Roofers en Abdomen

en de Sensational Second Cousins
Op it haadpoadium in stikje Piter Wilkens sjoen ,
mar foaral the Afterpartees 
mei harren oansteklike entoesjasme 
en lekkere gitaardeuntsjes

en fierders wat dielen fan optredens yn de Prinsetún


Ut de drokte wei, noch efkes nei de kapper..
de beste fan Nederlân, sizze se sels
ik sis: it wie hearlik

maandag 2 mei 2016

Wommels in sifers

It Centraal Bureau voor de Statistiek
hat soms wol nijsgjirrige oersichten
Dit binne de sifers fan 2015 fan Wommels.

It meast bysûndere wurd fyn ik "verweduwde personen".
dêr hie ik noch nea fan heard.

Gemeente Littenseradiel
Buurt Wommels
Inwoners
Aantal inwoners 2 050
Aantal mannen 990
Aantal vrouwen 1 055
Bevolkingsdichtheid 1 867 inwoners / km2
Leeftijdsverdeling
Personen tot 15 jaar 17%
Personen 15 tot 25 jaar 10%
Personen 25 tot 45 jaar 22%
Personen 45 tot 65 jaar 26%
Personen 65 jaar en ouder 24%

Huwelijkse staat
Ongehuwde personen 43%
Gehuwde personen 43%
Gescheiden personen 8%
Verweduwde personen 5%
Herkomst
Westerse allochtonen 3%
Niet-westerse allochtonen 3%
wv. uit Marokko 0%
wv. uit Nederlandse Antillen en Aruba 0%
wv. uit Suriname 0%
wv. uit Turkije 0%
wv. overige niet-westerse allochtonen 2%
Huishoudens
Aantal huishoudens 885
Eenpersoonshuishoudens 32%
Huishoudens zonder kinderen 35%
Huishoudens met kinderen 32%
Gemiddelde huishoudensgrootte 2,2

Sociale zekerheid
Personen met algemene bijstandsuitkering 40
Personen met arbeidsongeschiktheidsuitkering 80
Personen met WW uitkering 40
Personen met AOW uitkering 490

Vervoer
Personenauto's totaal 975
Personenauto's per huishouden 1,1
Personenauto's per km2 886
Aantal bedrijfsmotorvoertuigen 120
Aantal motortweewielers 90
Aantal personenauto's met brandstof benzine 720
Aantal personenauto's met overige brandstof 250
Aantal personenauto's jonger dan 6 jaar 230
Aantal personenauto's 6 jaar en ouder 745
Oppervlakte
Oppervlakte land en water 113 ha
Oppervlakte land 110 ha
Oppervlakte water 4 ha

Boarne: CBS

zaterdag 30 april 2016

In teepûdsje

Al jierren dogge wij ús bêst 
om ôffal te skieden:
in kompostbak, papier, blik (koarte tiid), glês
in grienkontainer en ien foar de rest.......

jierren lyn makken wij ek wolris in grapke
oer in theepûdsje
en hoe't je dat as ôffal skiede moasten

it papierke moast yn de âldpapierkontainer
it pûdsje mocht yn de kompostbak
it nytsje moast wachtsje op de âldizerman
en it toutsje koe yn de restkontainer....

de restkontainer,
dêr giet it no oer yn ús gemeente;
dêr meie je noch wol wat ynsmite
mar oh wee, at je der iets ynsmite
wat ek yn ien fan de oaren kin.

sa as in oerbleaune ierpel,
en twa oerbleaune woartels,
dy't wij gewoanwei yn in plastikbakje dogge
tagelyk mei de lêste sju
dy''t faak genôch opwaarme is,
en no wol fuort kin.
hup, de hiele handel yn de restkontainer

Mar dat is no oer .....

ûnderyn de kontainer smite jout ek neat
want de "afvaladviseur" leit op de loer.

sa seagen wij dizze wike bij ús op de buert
giele printen hingjen oan de kontainer
mei in warskôgjende tekst

de afvaladviseur hat wat kontainers trochnoaske
en it noaske him soms wol: grien.
en it noaske him soms net: giel




















en sa sjocht it der dan út
(of net Harry Kronemeijer?)

Wij binne dus warskôge!

maandag 25 april 2016

Koeke


Je meie in koeke dy't je krigen hawwe
wol yn de mûle dwaan mar en yn de bek sjen.

Frij fertaald nei in oare siswize, makke ik dit der fan.

Wêrom?
Op 8731 foel in priis yn de Postkoadelotterij
8731 dêr wenje wij
in koeke dus.....fan Peijnenburg
yn in kreas blik
ôf te heljen bij Jumbo

In kreas blik ja,
mar fierstente grut foar de koeke
dus mar in leech reklamedoaske derbij yn......

Raar
twa wiken letter krigen wij wer in brief
mei in bon
foar alwer in koeke
fan Peijnenburg

twa blikken dus
twa reklamedoaske yn it blik
mar twa sokke koeken makket wol ien hiele grutte koeke.....

tige tank Postkoadelotterij
ik seur fansels net....
ik skriuw allinne mar in stikje

zaterdag 23 april 2016

Diktee


Tidens in lichte fleach fan ferstânsferbustering,
dyt noch gjin 15 minuten duorre
haw ik op ynternet it Frysk diktee makke......

it resultaat fan dizze net trochtochte aksje kaam hjoed binnen
in brief fan de Fryske Akameny:
Lokwinske jo meie meidwaan oan de finale fan it Grut Frysk diktee 2016
op 10 maaie yn de Steateseal
fan it Provinsjehûs yn Ljouwert...

Ik bin net sa'diktee skriuwer,
die earder bliken
doe't wij meidiene oan de kroechkwis...
it giet mij gau te hurd
en ik haw net folle op mei wurden
dy't ornaris (ek sa'n wurd)
net mear brûkt wurde.

Knop om....
ik sjoch it no as in útdaging
om der ek wat fan te meitsjen,

Lestich tink ik wol
omdat de nije staveringsrigels tapast wurde
om te sjen at it goed of ferkeard is,
en yn dy nije rigels hie ik mij noch net ferdjippe.

Ik sil mij de kommende wiken
ferdjipje yn dy rigels.....

vrijdag 22 april 2016

Boartsje


Freedtemoarn  wie mantsje Roan wer bij ús...
in hannebynerke mei syn 14 moannen

Mar gelokkich kaam de post mei in brief fan de Fyske Akademy
ik bliid mei de ynhâld en hij bliid mei de slúf
en syn knuffeltsje......
yn...út ....yn....út
en mar laitsje











donderdag 14 april 2016

Boaten



























je komme soms fan de spotprintsjes tsjin dy binne sa goed........