Wat besielt in minske om 3800 meter te swimmen (fan Wommels nei Spyktille), 180
kilometer te fytsen (11 stêdentocht op de fyts oan Aldemardum ta) en 42
kilometer te draven (de Slachte ). Op ien dei wol te ferstean. It sil de útdaging wêze moatte! Dit
wykein is de triatlon fan l’ Ampolla oan de eastkust fan Spanje. Ien fan de
dielnimmers is ús soan Tsjeard. Tegearre mei
syn freondinne Berber en syn triatlonfyts is hij freed nei Barcelona flein en is sneon
de hiele dei dwaande west om dit bij in temperatuur fan sa’n 30 graden te folbringen. Tidens de rees waard it thúsfront op de hichte brocht troch twitters fan Berber en fansels gelyk al mei wat foto's .
Yn in alderaardichste presintaasje waard freedtejûn it programma bekindmakke foar it Greidhoekfestval yn Wommels.
De Jimbar siet fol mei pleatselike parse en oare belangstellenden. It gros fan de nasjonale en ynternasjonal parse siet thús efter de Ipad of Leptop want Stjoerder hie der in streekrjochte útstjoering fan makke.
Neffens de twa Bobben stiet it festival no ek op de ynternasjonale agenda omdat meardere artysten yn it Ingelsk sjonge.
15 septimber sil it heve en it sjocht der allegear wer fernijend, nijsgjirrich, dwers en tsjin de tried yn út.
Noflik en kult seit it oanpaste logo. Foar mar 8 euro stiet der hiel wat ferdivedaasje op it programma fanôf 19.00 oere.
Om wat te neamen: Automatic Sam, Fortunate Sons, Nyk de Vries, Henk en Melle, Lody Franzen, Meindert Talma mei Snakkers en Skarl.
15 septimber op it swimbadterrein yn Wommels kinne je kultuur snuve en goeie muzyk heare.
In oanrieder.
En dizze geweldige band (The Fortunate Sons) wie okkerlêsten yn in útferkocht Bolwurk yn Snits te hearen foar in publyk dat út syn dak gie bij it hearen fan al dy geweldige hits fan Creedence Clearwater Revival. Sij komme yn Wommels !!!
Foar de leafhawwers fan moaie affysjes is der gjin nee te keap tsjintwurdich. Yn Paris oan de Seine kreas neimakke affysjes fan optredens fan ferskate bands yn Paris. Sa as yn 1965 The Rolling Stones en yn 1968 The Doors.
Sneon wie Liet yn de Prinsetún. 11 groepen diene in poging om de opfolger fan Janna Eijer te wurden. Hast allegear haw ik se sjoen en heard. Dat fûn ik fan mij sels in hiele prestaasje. Mar kieze tusken alwer de Hûnekop op ien fan de podia fan it Befrijingsfestifal of wat nijs heare wie net sa dreech.
In sfearfolle omjouwing, it seach der fierders ek goed út sa oan de kant fan de fiver mar it kaam net oer as in wichtich festifal dêr't it der om gie.
In goeie lûd fans sa'n licht sjenre ferwaait gewoanwei en yn dit gefal liken de technisi ek problemen te hawwen om de saak goed foar elkoar te krijen mei al dy ferskillende groepen en ynstruminten
Dat it kâld wie om dêr te stean sil ek net goed dien ha oan myn gefoel en in tige leech oerfleanende helikopter tidens ien fan de nûmers kaam wol hiel ferfelend oer. Ek al siet Allan Clark deryn.
Ik wie net echt entûsjast en kin mij goed foarstelle dat de groep fan Weiland de publykspriis wûn.
Argewaasje hie ik ek.
Hiel opfallend dat presintatrise Marijke Roskam de groep Yldau wol hiel slim de himmel ynpriizge nei harren optreden: sa goed, net ophâlde, better as Lois Lain ensf..
Iets te opfallend wie dat, fûnen ek meardere minsken om mij hinne. Dat de groep Yldau de winner waard sil ik mar tafal neame.
It fuotbalseizoen duorret fan begjin septimber oant juny. Dêr sitte tal fan fuotballeaze sneonen tusken. Ta fertriet fan sommigen dy't soms krekt yn foarm binne.
Fakânsjes dogge it ritme ek net goed. De KNVB is fan miening dat der dan sa min mooglik fuotballe wurdt. Der moat ek rekken holden wurde ynhelsneonen.
Der moat soarge wurde om reedlik op tiid dien te wêzen want it keatsen begjint wer en gemeentes wolle de fjilden rêst jaan.
Nettsjinsteande boppesteande arguminten is it ûnbegryplik dat de KNVB op 5 maaie in hast folslein programma hat. It docht gjin rjocht oan it Befrijiingsfestifal sa't dat al jierren in grut sukses is yn Ljouwert.
In donkergiele kaart foar de KNVB.
De Staat spilet sneontejûn op it haadpoadium yn Ljouwert.
30 april is yn de keatshoeke sa'n bytsje de ôftraap fan it keatsseizoen. Tradysje fan jierren tink ik.
Yn Itens, Easterein en Wommels om mar in pear foarbylden te neamen, wurde de perken wer útlein, de tillegraaf wer delsetten en de want komt ek wer foar it ljocht.
Ik haw lid west yn Itens, Easterein en bin noch lid yn Wommels. Wêrom ik noch lid bin wit ik net. Hoewol dat ek jildt foar de toanielferiening, ek dêr haw ik fierders neat mei.
Keatse doch ik net mear. In fuotbalseizoen kin mij net lang genôch trochgean en betiid genôch begjinne.
Yn it ramt fan de fraach"wat soene se yn doarpen útfine, wêr't net keatst wurdt" stapte ik op de fyts nei in keatsfrije hoeke.
In goeie 60 kilometer yn Lemsterlân. Flevolân en Gaasterlân-Sleat
Lit ús mar sizze in rûntsje ten súden fan Spannenburg, want dêr wie de start.
Yn Eastersé stiet in gebou wêr't de bûtenmuorren opfleure binne mei allegear tegeltsjeswiisheid. In aardichheid om te sjen en yn dy pear minuten dy't je dêr steane te sjen, dogge je wer hiel wat wiisheid op, wat je al wer fergetten binne as je Eastersé efter je litte.
De polder yn de buert fan Bant sjocht der flerich en kleurich út mei de tulpen.
Yn de buert fan Creil is in alderaardichst ynfosintrum oer tulpen. Op in terrein sa grut as in keatsfjild binne hast alle ferskillende soarten tulpen te bewûnderjen. Skat dat der hûnderten ferskillende soarten yn de bloei stiene. Alle soarten hawwe harren eigen nammen en sa kin ik ûnder oaren de Martine Bijl tulp, de Ferrari tulp, de Willem Alexander tulp, de Gerrit van der Valk tulp, de Red Bullet tulp en de Franeker tulp op syn wearde beoardielje
Ek de Rock en Roll hat syn eigen tulp
It sil jim net ferbaze dat de Kung Fu tulp in kopke lytser makke wie
.Ek Ronaldo (hokker? ) kin syn eigen tulp hjir groeien sjen.
Troch al dat blommegedoch soe ik hast ferjitte wat it doel wie fan de reis. Sjen hoe't net keatsende doarpen 30 april om krije. Yn Eastersé bier drinke, yn Bantegea bûten folleybalje, yn Bant bûten folleybalje, yn Creil allegear flagje, op é Lemmer bij de brêge omhingje en yn Sleat op terraskes sitte.
At de R yn de moanne wie, wie it tiid foar levertraan. Dat smoarge goare spul dat hiene je nedich om de winter troch te kommen. Alle dagen in leppeltsje fol en letter sa goare plastik kapsule. Ja, dat wiene nochris tiden. At de R no yn de moanne is, is der in bluesmiddei-jûn yn Noflik Easterein.
De blues yn Easterein is mei opsetten troch Auke Bloemhof (Feyenoord hert) fan de Blues Busters mar is hielendal oernommen troch Ab en Yvon fan Noflik Easterein..
It sukses fan de BluesCruise yn Easterein strielt der dit jier ôf. De leawhawwers komme fan hein en fier. Machtige jûnen mei allegear fleurige minsken dy't fan de blues hâlde en fan noflikheid. (at dat wurd net bestie, dan bestiet it no) Snein wie it dizze winter foar de lêste kear en de Blues Buster wiene fersterke mei B.J. Hegen de 69 jierrige sjonger út Drinte. Krekt as ferline jier hie der syn reade jaske wer oan, syn pet hat wierskynlik nea fan de holle ôf west en syn blues komt noch altiten út de teannen.
Fanôf septimber giet it wer los, de lêste snein fan de moanne. De tagong is ek dan wer fergees.
It hat Beatrix goed talike om in lid fan de famylje Hofstra in lintsje te jaan. Broer Hessel krige it fersiersel omhongen. Wij wiene útnoege en seagen it oan. Der wiene noch 4 minsken dy't ek foar doarp en feriening in soad goed dien ha. Hessel hat him fertsjinstlik makke foar ferienings yn Wommels. At der dan dochs lintsjes útrikt wurde dan soe hij dêr seker foar yn oanmerking komme.
Dat hat de keninjinne goed sjoen.
Der binne minsken dy fertsjinje it (neffens de rigels) en dy stelle dat ek op priis.
Myn broer is grutsk. Ek ferbaasd dat safolle minsken it fan te foaren wisten en hij net.
Syn frou Nannie soe ek in lintsje ha moatte. Allinne al om dy freeslike lêste wiken.
Minsken útnoegje, fan alles regelje en Hessel mei it net witte.
Neat foar har.
Hoe krij ik him yn kreaze klean nei it gemeentehûs sûnder dat er wat yn de gaten hat, dat koste har in soad harsensskrabjen.
Ik leau dat se op de dei derfoar al syn broeken yn de waskmasjine smiten hat, op ien nei. In kreaze broek. It is allegear goed slagge. Wij ha der ien op nommen.
It is moai sa.
Ien Hofstra mei in lintsje is moai genôch. Dêr is de hiele famylje tefreden mei.
Aaipop hie tongersdeitejûn de ôfsluter fan it 25 jierrich jubileum. Bij de nijsgjirrige útstalling yn Tresoar wie in optreden fan Gerrit Breteler en Clara Rullman.
Ik hie Gerrit al in jier as twa net heard en ik moat sizze hij is net feroare. Hij hat syn fêste oandachtspunten (betiden eamelpunten) en dy rûn hij ek no wer troch en it kaam mij bekend foar allegear.
Syn avontoeren yn Skotlân, syn Twentse ôfkomst, syn libben op it fertuteaze plattelân, syn striid tsjin de oerheden en it rekwium.
Gelokkich kin Gerrit moai sjonge en Clara goed spylje (en sjonge) en dat makke de jûn boeiend genôch. De gastfrijheid fan Tresoar en Aaipop op dizze jûn wie wol hiel grut.
Dêr rin ik dan op in sneintemoarn yn april 2012 op in tsjerkhôf yn Paris. Ferdwaald tusken al dy grutte grêven fan rike Frânske famyljes. In boekje yn de hân mei dêrop wat ferneamde deaden. Ik ferbaas mij oer de meast ferfallen grêven mei hjir en dêr in nij grêf fan in rike Sjinees. Ik kom in plysje auto tsjin en ek wat touristen. Te herkennen oan de fototastellen.
Ik gean op syk nei seksje 6. It moat earne op in ferlitten plakje wêze. In tuskenpaad.
Yn seksje 6 is it net ferlitten. Drok sykjende minsken krekt as mij.
Drangstekken kom ik earst tsjin. Bij ien grêf op dit grutte tsjerkhôf steane de drangstekken. It grêf fan sjonger Jim Morrison. Deagien doe't hij 27 wie. Sjonger fan the Doors.
Ien fan de grêven wêr't in soad blommen bij del set wurde. Ik hear Frysk om mei hinne praten. Net allinne fan myn famyljeleden mar fan mear. Ik hear Ingelsen, ik hear Dútsers en ik sjoch sels Japanners. Bij gjin inkel grêf is it sa drok.
It grêf, fuorttreaun tusken de grutten
en ik sjoch de beam...
dy't folplakt is mei kaugom...mei teksten, mei figuren....
Ien kear yn de wike draai ik in pleinwacht bij ús op skoalle. Eagen en hearen iepen en hope dat de bern it wurd "boartsje" op in goeie wize yn de praktyk bringe. Oer it generaal falt it best ta en gelokkich is der dan ek wat tiid om wat te praten mei dy en dy.
De bern komme meast sels wol mei harren fragen. De earste wiken wie dat foaral: "binne jo ek master, hoe hjit master en wêr wurket master".
De twadde wike kamen der wer oare fragen: "Is master Sinterklaas, de krystman of Perkamentus". De earste figuren twa hie ik wol earder heard mar Perkamentus kaam mij net bekend foar. Ik wit noal dat it in figuer út Harry Potter is en dat it net in ferkearden is.
De tredde wike waarden de fragen fan in noch heger nivo: "Wat fynt master in enge film" Dêrop moast ik it antwurd skuldich bliuwe. "Ik sjoch hast nea films", joech ik oan. It like mij goed om in tsjinfraach te stellen oer boeklêzen.
Wij holden fan ferskillende dingen die bliken. Uteinlik kamen wij út bij de Donald Duck. Hij lêsde it blêd no altiten en ik dat ek doe't ik sa âld as him wie. Wij wikselden ús favorite Donald Duck stripheld út en doe gie de bel. Hjoed seach ik de Donald Duck yn de winkel lizzen. Meinimme tocht ik, âlde herinnerings ophelle, werom gean yn de tiid en oare wike mei him der prate.
Ik trof it net min. Want it wie de Fryske Donald Duck. Dat moat wol goed wêze. Ik hoop dat ik him nije wike wer tref en noch wit wa't it wie. Hij krijt fan mij de Fryske Donald Duck en hoop fan herte dat er dy ek mei like folle wille lêst as de oaren. Ik haw dat seker dien.
Foar dizze edysje fan Aaipop wie der al wer in lytse diskusje oer wat Aaipop no krekt is. It wurdt karnafal en doarpsfeest wurdt dan oan de iene kant neamd wylst it poadium foar de Fryske muzyk mij oan de oare kant wat better yn de earen klinkt.
Dat de bekinde muzyk resinsint fan de LC net sa folle op hat mei Aaipop sa't dat no fierd wurdt is wol dúdlik. Hij lit al jierren gjin kâns slûpe om de klam op de feestútspattingen te lizzen en dan net as posityf elemint. Dat fynt hij. Dat mei, like goed dat ik wat oars fine mei.
Spitich dat dy skriuwer fan it stikje yn LC yn foto's en kolommen de "heale" lêzers op in ferkeard spoar set. Anneke Douma en notabene Country Wytske krije de oandacht dy't se net fertsjinje.
Ik haw yn alle gefallen grutte muoite hân om dat lêste optreden ek noch mei te meitsjen nei safolle goeds. Dat lêste healoerke wie karnafal/doarpsfeest mar de oare 7,5 oere wie dat net it gefal. Oke, Hûnekop wie ek in oere doarpsfeest foar de leafhawwer en dat haw ik ek foarbij gean litten.
Wat haw ik as leafhawwer fan stevige muzyk genoaten fan Rekker, fan Vodkovs Grodzemods, fan Helder, fan Sebeare (ja,ja), fan Stiet as Quo, fan Bombarje en foaral fan Frisellica. Spitich dat ik net mear tiid hie en dêrtroch NNB misse moast.
En tusken al dat geweld socht ik efkes rêst bij in moai optreden fan Janna Eijer, dy't foaral útblonk yn har "striidlieten". Moai wie dêr bij ek, dat âld en jong safolle goeie oandacht hie foar dat optreden.
Doede Bleeker paste him oan oan it publyk haw ik heard. Dêr wie ik al bang foar. Ik bin in fen fan syn CD "Omarmd op Texel" en de gefoelige snaar hie hij thúslitten. Ik koe de switsokken, Loes har poes en de Dútsers bûten rûke.
De organisaasje fertsjinnet in grut kompliment foar it iepen fjild en hoe't se dêr yn alle hasten noch op ynspilen: in fergrutte partytinte en wat reinponsjo's. Se wiene net oan mij bestege. Dweiltrochwiet wiene wij nei dy bûtenkonserten mar it wie it mear as wurdich. Frisellica wat in band!
It echte festival gefoel wie der hielendal. Om it fan it begjin oan de ein mei te meitsjen (it iten hast net, it drinken krekt wol oan tiid) moast ik wachtsje op it Fryske folkliet. Dêrom moast ik de ellinde fan Anneke en Wytske ek trochstean.
Alles goed en oké moandei? Hast!
Der kinne om mij wol wat minder optredens wêze. Ik moat no tefolle misse en dat stiet mij net oan.
Fierders haw ik al fan meardere heard dat der te min gelegenheid is om efkes te sitten. Alinne de Aaiseal jout dy gelegenheid, mar at dat jierren begjinne te tellen is 6 of 7 oeren stean wol hiel lang.
Mar wat mij foaral ek opfoel wie dat it lûd yn de Hark-en Huverseal net sa goed wie as op de oare plakken. En dat fûn ik sneu foar Bauke van der Woude en kombo, foar Jaap Louwes en band en myn broer fûn dat sneu foar Ernst Langhout en band.
Ik sjoch al wer út nei in iets lytser Aaipop mei stevige rock yn de bûtenlucht yn 2013.
Ernst Langhout en Johan Keus komme moandei ek op Aaipop. Dy mei ik graach heare. Dy sil ik seker net misse.
Altyd moaie teksten fan Ernst en fantastyk gitaarwurk fan Johan. De beide Dylan yn it Frysk cd's kin ik net faak genôch heare. It is de muoite wurdich om dit nûmer hielendal te hearen En foaral ek te sjen troch in prachtich tekenfilmke.
At ik op nternet stean sjoch dat Barney McKenna dea is, dan begjint bij mij net gelyk it ljocht fan herkenning te brânen. Barney McKenn? Wêr kin ik dy fan? It wurdt oars at myn swaeger en grutte Dublinerfan twittert dat Barney McKenna dea is. Hij wie de lêste Dubliner. De oaren dy't the Dubliners mei oprjochten ha binne al earder ferstoarn.
Hij wie tink ik de man dy't de lêste jierren op it poadium wat efterôf siet, meidie sûnder te bewegen. Dat byld haw ik noch fan al wer in jier as wat lyn yn it FEC, doe't se dêr as in soarte mei etalaazjepoppen optreden. Myn lêste kear Dubliners haw ik doe sein.
Mei de dea fan Barney McKenna bestean foar mij the Dubliners net mear. It is no oer, út en dien. The Dubliners dea, mar harren muzyk libbet troch. Bij mij troch de elpees. Ik tink de earste elpees dy't ik kocht yn de jierren 70. De muzyk libbet troch mei help fan myn Cd's en DVD's, dy't ik yn de rin fan de jierren ek oanskaft ha. Dit wykein mar wat Dubliner muzyk draaie as ôfskie.
Op 30 juli 1977 wie ik bij it ienmalich optreden fan the Dubliners op 'e Jouwer. Dat de parse net posityf wie, kin ik mij no noch net foarstelle. It wie in lust dêr te wêzen.
In jier letter wûnen Tamminga, Eringa en van Dijk it sealkeatsen (en ik wie tredde sa te sjen), kaam doarpsbelang Hichtum bijelkoar (en waard ik skriuwer), skynde ik doe ek fan Wolga muzyk te hâlden en treden the Dubliners wer op yn Fryslân. Yn de Thialf Yshal koenen wij foar 17.50 gûne der bij wêze.
It wie in moaie tiid doe't bij Ljouwert de busbanen ynfierd waarde. Dat wie yn de tiid dat ik regelmjittich mei de bus nei de haadstêd reizge op de fyts of mei de bus.
It joech as busreizger in goed gefoel. Net yn de rige auto's bij Marsum stean mar trochride oan de stopljochten ta.
In goeie saak tocht ik doe, want it soe samar kinne dat dêrtroch mear minsken mei de bus reizgje soene, ynstee fan allinne yn de auto.. Dat wie in misfetting. Busbanen waarden yn de rin fan de tiden langer omdat ik de files langer waarden.
De lêste 12 jier fyts ik alle dagen nei Snits. Mei de bus reizgje is der net mear bij.
It frjemde is dat ik yn de buert fan de stopljochten yn Snits in hekel krij oan de bussen. Bij it spoar en bij Bogerman alteast.
It kin net oars wêze dat dy sjoffeurs in kasje yn de bus hawwe en dêr op drukke at hij hûnderten meters fan it stopljocht ôf. It kin net oars dan dat de ljochtynstallaazje in sinjaaltsje opfangt oan dat reade of dat griene ljocht te beynfloedzjen. Grien reageart "ik moat dus op grien bliuwe want der komt in bus oan" en read reageart "as de soademiter nei oranje en grien"
Hiel ferfelend at je krekt in skoft wachte ha, je der wis fan binne dat je oan de beurt binne en at der dan sa'n "ferfelende Stoffel" oankomt dy foarrang hat.
It is nijsgjirrich om sa no en dan efkes nei de statistiken te sjen fan in webside. Doe't ik al hiel lang lyn begong mei de webstek "sibedeseefûgel" wie it noch lestich om in goeie teller te pleatsen. Doe't dat slagge wie it motifearjend om troch te gean. omdat ik wat sicht krige op oprinnende besikersoantallen.
Sibe is der net mear.
Aansens 10 jier lyn hawwe Willem Wijnia en ik http://www.vv-sds.nl/ op de fuotbalkaart setten en der foar soarge dat de webside in wichtich plak yn nimme koe binnen de klup.
Yn 2002 begongen wij mei in 30 oant 50 besikers op in dei en seagen de jierren dênei oprinnende besikerssifers mei wille oan.
Bij it mei opsetten fan http://www.wommels.nl/ wie it al net oars: de besikerssifers waarden sels al "analyseard" om te sjen hokker kant it út moast, sadat ek dy side in goed plak krige yn de mienskip fan Wommels.
Tsjintwurdich hâldt myn grutte kameraat "Google" alles foar mij bij. Ik hoech der net iens om te freegjen. Slimmer noch, Google freget mij net iens at hij dat foar mij dwaan mei. Hjoed mar efkes sjoen nei de 300 lêste besikers. Tige nijsgjirrich dat myn fens ek al yn Moldavie, China en Georgie sitte.
At ik fan it fuotbal en fan de bûtentemperatuur net waarm wurdt, dan besykje ik it fan de muzyk te wurden. Dat is sneon wer slagge. Mei de Kandadeeske band Arcade Fire. Wat in hearlike muzyk, wat in sfear yn de seal en op it poadium.
Heit en mem gean moarnier earne hinne en dan kin ik net mei. Wol pake op mij passe? It is om 10 oere yn Wommels. Leafs Jelske
Se is noch mar 12 wiken en dan al sa gebruk meitsje fan de sosjale media. Wer giet dit hinne mei us jongste jeugd? Mei wille haw ik efkes op har past. Se hie op lest (de dakjes en streepkes wolle hjoed net) sin oan wat en dan moat ik ofheakje, want der skynt neat boppe memmemolke te gean. Myn besykjen har stil te krijen soarge foar in droege tonge en kiel. Bij mij. Want sa goed kin ik no ek wer net fluitsje. En fan in skiterich fluitsje woe se net stil bliuwe. De oplossing wie de tillefoan. En dan foaral de muzyk dy't der 'ut kaam. Bij John Prine waarden de eagen allinne mar grutter, bij Genesis foelen de eagen ticht.
Sliepferwekkende muzyk dus. Foar har.
Krekt bûten Turns leit in maislân. Dat is net unyk yn Fryslân, mar ik fyts dêr no krekt alle dagen lâns. In maislân yn dizze tiid hat wat rûchs oer him. In hat wat fan in krosfjild, wêr't beriders fan krosmoters of sjoffeurs fan krosautos harren thús fiele.
Yn de moanne maart stiet yn ien fan de iepensteande hikken fan dat stik lân in terrein auto. Jim kinne se wol. Stoere hege bak en wierskynlik mei "fjouwertsjillenoantriuwing" (ik soe wolle dat dêr gjin Frysk wurd foar wie). De auto stiet klear om it lân yn te riden. Alle moarntiden wer. Efter it stjoer sit in man. Hij bellet en hij sjocht. Mei wa't hij bellet wit ik net mar syn eagen binne rjochte op it lân. In aaisiker dus. Anno 2012. Sa'n leafhawwer dy't it docht om yn de natoer te wêzen, dy't it docht foar de neisoarch, dy't it docht omdat er it in sport fynt.
It soe mij net ferbaze at hij de ljip oer de wjuk slaan sjocht (wit ik folle) dat hij mei auto en al it lân yn riidt en syn aaidedektor útskood om de krekte posysje te bepalen. At hij de auto der dan foar útkomt om it aaike te stellen, wit ik net. Miskien hat er wol in gryphân bij him.
Ik wol it net witte.
Aaisykje 2013. Asjeblyf lit se it ferbiede.
5 kontainers hawwe wij op dit stuit op it hiem stean. Se steane allegear foar hûs. Wij kinne noch krekt bij de doar komme. It is de moanne fan de kontainerwikseling.
Normaal brûke wij 3 kontainers: ien foar de rotsoai (griis), ien foar it grien (grien) en ien foar it âld papier ( ek grien).
In wike as wat lyn ynformearre Omrin ús mei in brief. De grize kontainer en de grien kontainer foar it grien koene troch de nije ophelautos net lege wurde en moatte omwiksele wurde.
Bij de brief siet in skema en mei wat oandacht wie dat best wol te begripen at je de muoite namen om je der in foarstelling bij te meitsjen.
De digitale en papieren agenda waarden bijwurke want wij hiene gjin sin om in kontainer oer te hâlden.
De mannen en frouen fan Omrin sille tefreden west hawwe doe't sij dit skema útsetten foar de hiele gemeente Littenseradiel. Ik tink dat se dêr op in freedtemiddei ien op nommen hawwe. Oant it momint dat der ien frege at se wol tocht hiene oan de âld papier kontainer yn Wommels.
Der sil lichtelik panyk útbrutsen wêze bij Omrin. "Sjit, dy ferrekte papier kontainers yn Wommels, dat haw ij net regele.
Dus hjoed krigen wij yn Wommels wer in brief fan Omrin. Griis wurdt no grien mei papier en de twa grienen wurde no ophelle.
Wannear? op 4-3-2012 seit de brief. Dat is it al west. Wij sille wol wer in brief krije. Dat it 4-4-2012 wêze moat. Ik soe sizze lit dy brief mar. Wij begripe it no wol. It falt ek net ta om it yn ien kear goed te dwaan.
Foar de grap hawwe wij it wolris oer de postdo. As symboal fan trage of te lette berjochtjouwing. Wij feesboeke, wij kwetterje en wij mele ús betiden skeef. Alles wolle wij diele en wij binne boppedat sljocht op nijs.
Wij rinne de hiele dei mei de tillefoan om mei goed ynternetberik en at wij thús komme is ús earste loopke nei de kompjûter.
Wij kinne net sûnder de sosjale media meitsje wij ús sels wiis. Fannemoarn tsjin njoggenen hearde ik it lûd fan in bel. It lûd kaam tichter bij en waard ûnderbrutsen troch in stim. In roppende stim.
Dan witte wij it yn Wommels wol. Dat is Syb van der Meulen fan Easterein. Hij is de doarpsomropper en hat in boadskip foar elkenien. Yn in moaie Fryske tekst lit hij ús witte dat der hjoed in iepen dei is yn soarchsintrum Nij Stapert. Der sil gjin Wommelser wêze dy't hjoed thús is en moarn sizze kin dat hij/sij fan dy iepen dei neat wist. Om Syb syn bel en stim kinne je net hinne.
Justerjûn fytste, belle en rôp hij yn Weidum iets om en fannemiddei sil hij de Eastereinders oproppe om jûn nei it toaniel te kommen. Hjir kin gjin twitter en feesboek tsjin op.
Ik begjin al aardich yn de stimming foar Aaipop te kommen. Peaskemoandei 9 april is it safier. Dizze wike moast op it alderlêste momint krekt foardat it nei de printer gie, it boekje noch efkes trochsjoen wurde op taalflaters. Dat mocht ik dwaan. Dat foel noch net ta. Fierstetemin tiid. Frysk is in drege taal om te skriuwen. seker at je it te min lêze en skriuwe. Blêden fol opmerkings leinen der oan de ein fan de jûn. Spitich dat der gjin tiid wie foar in twadde of sels in tredde kear neisjen, want je bliuwe ek dan noch flaters tsjinkommen. Fan it programma waard ik wol waarm. 25 stikjes muzyk. Foar elkenien is der wat bij liket mij ta. Oansprekkende nammen, debutanten mar ek de mannen fan it earste oere binne der bij. 25 jier is it no holden en it soe dit jier ien grutte reuny wurde moatte. Neist it boekje wat yn de foarferkeap ferstrekt wurdt bij it keapjen fan in kaartsje komt der dit jier ek in Aaipop krante út. Dy krante sjocht der prachtich út en wurdt hús oan hús ferspraad. Mei dêryn ek in bijdrage fan mij: de leukste Aaipopleafdes wurdt yn koarte stikjes beskreaun.
In ferrassend moaie jûn op ynternet. Freedtejûn. It kampioenskip fluch damjen Frysk spul. Wêr't ornaris dammers stinne en tinke oer de folgjende set en it goed oan tiid dogge, giet it sa'n jûn om razend fluch tinke, net stinne mar skowe.
En nei it skowen as de soademiter de eigen tiid stil sette en in oar syn tiid oansette.
7 potsjes fluch damme en alle kearen 10 minuten de tiid, is it konsept.
Freedtejûn hie omrop Fryslân de kamera's yn it doarpshûs op é Gastmar del setten. Klaas Jansma mocht wat kommentaar jaan en dat waard in fermakelike jûn.
Konsintraasje en ûntspanning wikselen elkoar ôf. De spanning wie te fielen en nei in potsje Frysk damjen sjen wat net langer as 10 minuten duorret, hoecht gjin straf te wêzen. Ek al kin je rigels net iens. Boppedat wist Klaas Jansma op in hiel aardige wize de sfear oer te bringen nei de ynternet sjoggers.
Leuke petearkes, moaie opmerkingen en fansels mei gefoel foar humor.
In moai ynitsjatyf fan de dambûn Frysk spul.
It wurke nei in prachtich hichtepunt ta omdat yn de lêste partij der noch priis kânsen foar meardere wiene.
Myn bysûndere belangstelling gie út nei de partij fan in lid fan Hartwert en in lid fan Skearnegoutum, dy't yn Wommels en Easterein wenje, dy't Stoffel en Jelle hjitte.
In dramatyske ûntknoping foar Stoffel Bouma dy't yn Jelle syn lêste 14 sekonden ferlear, wêrtroch Jelle Wiersma úteinlik twadde waard efter winner Marten Walinga.
Stoffel Bouma en Jelle Wiersma yn harren lêste partij oan de ÿnternet tafel
Klaas Jansma kaam yn it einspul lâns en miende te sjen dat Stoffel der goed foarstie en dat Jelle noch mar in heale minút tiid hie om wat moais te betinken.
Yn de lêste heale minút makket Stoffel in lyts flaterke en Jelle sjocht en skoot razendsnel syn folgjende set, wêrtroch Stoffel yn ferlerne posysje stiet en it oerjaan moat.
Stoffel begrypt der neat fan dat hij dit út hannen jûn hat en set te houtsjes efkes werom foar de analyse
En Klaas Jansma sjocht de dramatyk: "Bouma jonge hoe kin dit no, en wat giet der troch jo hinne"?
Jelle Wiersma sjocht it glimkjend oan. Hij profitearde optimaal fan in flaterke en waard twadde.
Ik sjoch no al út nei in kampioenskip fluchkeatse!! Wêr? wannear?