zaterdag 27 juni 2026

Stille sneon

 Ik mei sneons graach in kar ha

Wat sil ik dwaan, wêr sil ik hinne?

Hjoed is it gjin lestige kar.

Der is neat te dwaan.

Alles, fan wege it waar skrast.

Utsein Bolstjurrich, strjiteater en wat muzyk

Dan dêr mar hinne

Strjitteater is net myn ding

en it muzykprogramma fyn ik matich

Wat lichte muzyk allegear

mar ik lit mij mar wat ferrasse

Ik sjoch Nancy en de Sinatra's (dat swingt)

ik sjoch Mr en Mrs (of oars om, dat sil hast wol)

ik sjoch Mayte ( moaie stim, mar wat wat dreech hjoed)

en ik sjoch






Ek noch noflik efkes praten mei Riemer, mei Ruurd en mei Diny

Ik bin krekt foar de bui thús

Geen opmerkingen: