donderdag 11 juni 2026

Geert

Ik fyts troch Easterein

Dêr rint Geert

Geert is Geert Hiemstra

Mei syn bekende stevige stap

en wat sluven yn de hân

Geert is altiten yn foar in praatsje

"Bij de post Geart?", freegje ik him

"Ha, ha", seit Geert

"Dêr hat immen jierdei west, 

dêr binne twa ferline wike troud 

en dêr binne twa 60 jier troud.

Dy moatte al efkes in kaart ha.

It sit sa, doe't Gatske der noch wie

sei se faak tsjin mij 'at ik der net mear bin

krijt nimmen mear in kaart tink ik'

Dat wie earst ek wat sa, 

mar ik tocht op in bepaald momint 

dat moat oars. 

No doch ik it krekt sa as at Gatske ek it dwaan soe"


Respekt Geert, ik fyn it geweldich

wat sil Gatske grutsk op dij wêze


Wij hawwe it fansels efkes oer Feyenoord

Gjin ferskil fan miening

In oare trainer is better


Wij hawwe it efkes oer de rin4daagse

Dêr seach Geert wer nei út,

mar in medysk sinjaal sloech hij net yn de wyn

Net rinne wie better

No is hij wer fit

It soe no wol wer wurde kinne

 

Geen opmerkingen: