Yn de jierren 90 wie Eppie Dam stikjeskriuwer bij de LC
Alle wiken mocht skriuwe wat him dwaande hold.
Ik wie in grut fen fan syn skriuwen
en bewarre hiel wat stikjes dy't yn myn plakboek kamen
Mei de moderne technyk kin in de tekst fan dy stikjes sa oersette nei Word
Dit fûn ik doe prachtich en no noch
Inkeldris krij ik him sa yn hannen.
mar ik ha him leaver yn 'e bus.
Ik mei mysels der graach yn oefenie: sien hoelang't ik him dêr lizze litte kin.
Krekt dwaan as taal ik der net nei,
mar ûnder- tusken spoeket er my algeduerich yn 'e holle om.
Langer as in pear minuten hâld ik it net fol.
Sa gau't er der is, moat ik him ha.
Hoasfuotling rin ik it paad del.
De krante.
De krante giin mich sil ik mei de krante deaslaan,
al is er firtiin dagen âld
Der fiouwer blanke preien vn bewuolie is in oar ferhaal.
Glêzen, bekers. kandlers, skimerlampen yn ferpakke? Kin.
Rikke iel wurdt dubieus.
Wol wer op 'e tafel lizze as de bern op skoalle fervje.
In grutte hoed fan meitsje mei in punt.
Of - as men it doarre soe - de roppert mei beskermje
as men by de Mont Ventoux del fytst: de krante op it hert.
Meastentiids ha ik gelyk.
Dan giet de brân deryn en lês ik it haadartikel út,
Likegoed tear ik him netsjes yninoar,
alle kearen foar't ik him oan kant lis.
Want ik krij de krante geregeld wer
Krantlêze is as kaugum kôgje.
Earst is it skerp en it prikkelt.
Mar as men langer kôget, wurdt it kôgjen om te kôgjen.
Men krijt it út 'e mûle en draait in baltsje.
Kôget opnij.
Draait in baltsje en plakt it ûnder de tafel.
Kôget opnii en opnij.
Dan is de smaak derôf en men spuit it út.
Mar noait ferachtlik.
De bêste manier om de krante te lêzen is:
úteinsette mei de dingen der't men gjin doel oer hat
en dy't jin winliken net ynteressearie.
Of - ek in goeie manier - men lêst de krante fan foaren nei achteren.
Ik kin it beide net.
Nei it haadartikel en it aktueelste nijs blêdzje ik streekrjocht nei de side Keunst en Kultuer. Dêrnei doch ik Sport, Opiny, Tsjerke, Underwiis en Famyljeberjochten.
En fierder fladderje ik troch de krante as in flinter troch de simmer.
Der is mar ien goed plak om de krante te lêzen: by de keukens- tafel.
De keukenstafel is in houten tafel dy't op poaten stiet.
In swiere, ikehouten tafel sûnder kleed.
Ik meitsje it bled rom en lis de krante derop.
Under it lêzen fan de earste alinea fan it haadartikel rólje ik in sigaret.
Ien alinea is genôch om nei te gean wa't it skreaun hat, wylst ik it floeike wietmeitsje.
Mar it moaiste plakie foar in alde krante is de doaze.
De kertonnen doaze foar de âlde kranten.
Dy't it formaat hat fan de krante sels.
Dy't men tichtbynt mei in touke.
Dy't men op sneontemoarn, as it de dei fan âld papier is,
by de dyk delset.
Ticht by de bus, dêr't men in oere letter al wer hinne toffelt.
De krante.
H usgenoaten dy't de krante ferroppe, wiis ik terjocht.
En as it moat, bring ik him wer op oarder.
Ek al ha ik him út.
EPPIE DAM
Geen opmerkingen:
Een reactie posten