zaterdag 27 juni 2026

Harkje

Noch ien kear  Eppie Dam, 

dy't no yn it bosk leit bij Sondel yn de buert.

In prachtich stikje yn de LC fan doe

wêr't ik it no noch altiten mei iens bin

en wêr't ek myn argewaasje sit bij optredens


Us heit wie in myld. geduldich en ferstannich man, mar guon dingen koe er him ôfgryslik lilk om meitsje:

in beroerde hân fan skriuwen by dokters en notarissen,

sleau taalgebrûk by dûmnys en politisi,

staverings- flaters by journalisten en reklame- makkers,

in minne útspraak by kabaretiers en deklamators,

false noaten by musisi en lietsjesjongers.

Mar gleon/poer/kûgels/dûm (streekje neat troch, want alles is fan tapassing)

waard er as minsken op 'e planken stiene

en der waard trochhinne praten troch de seal.

Read fan ynhâlden opsternatens koe er wurde.

Soms sei er der wat fan, mar syn jûne wie bedoarn.

wie it lvkwols donderien.


Yn de Drachtster Tawaai wie ek sa'n jûn

mei lju dv't net it fatsoen hiene en harkie nèi de sang en muzyk

tusken de literêre bedriuwen troch.

No wie it op dy jûne net riocht dúdlik

oft it yndie om in optreden as sadanich gie

of inkeld mar om muzikaal behang,

mar goed, Bouke-makke him lilk.

Hy sei der neat fan, mar syn jûne wie bedoarn.


Je soene ferwachtsie dat minsken

dy't de muoite nimme en gean nei in foarstelling ta,

ek benijd binne nei wat de spilers foar it fuotljocht bringe.

De praktyk is oars.

In wykmannich lyn hie Doede Bleeker in optreden yn jeugdsosië- teit It Haske yn Balk.

Troch ûnderfining wiis wurden of net,

mar hy makke fantefoaren in ôfspraak mei de jongerein.

Ik sitearje út De Balkster: ,,Jim mutte wel stil weze, anders bliif ik liever thús."

In pear minuten nei it skoft Doede kaam net langer boppe de drokte út

en klapte syn gitaar yn 'e koffer:

,,Ik bin nyt un skoalmeester dy't de hele tyd seit dat iim stil weze mutte.'

Op slach hie er it jongfolk rêstich en koe er fierder mei syn programma.

Hy sei der wat fan, en syn middei wie goed.

Op 'e weromreis fan Drachten nei hûs ha ik my ôffrege

wêrom't ik net it lef hie

en sis lûdop tsjin dy pappegaaien yn De Lawei

dat se har de snaffel hâlde moasten.

Geandewei dit stikje is it my dúdlik wurden.

Yn tsjin- stelling ta Doede Bleeker bin ik á1 in skoalmaster,

en foar in skoal- master is der neat minder

as skoaltsjeboartsje bûten de lesoeren om.

Mar it hie al wêze moatten.

Dat ik hjir myn twadde kâns gryp yn e krante,

makket fan my in held op sokken.

Ik sis der noch wat fan, mar myn dei koe better.

Dat immen him opwynt oer gebrek oan belangstelling fan it publyk foar in optreden, komt noch mar selden foar.

De lêste kear dat ik it meimakke

wie op in literêre manifestaasje yn Froubu- orren,

doe't Bouke Oldenhof wyt weiluts fan argewaasje

oer it gedrach fan Fryske kulturelen

EPPIE DAM

Geen opmerkingen: