zaterdag 13 juni 2026

Plak

Wêr gean je stean bij in groepsfoto

en wêr gean je sitten bij in gearkomst

it skynt sa te wêzen dat 

hoe't je binne dat bepaalt.

Stean je graach yn de belangstelling

dan gean je foaroan en yn de midden stean bij in groepsfoto

Bin je wat beskiedener,

dan sykje je in plakje links, rjocht en efteroan


Yn in boek fan Japke D Bouma

stiet in stikje

oere it bêste plakje yn de klas froeger 

en miskien no noch wol

Dat skynt rjochts efteryn te wêzen.

Moai sa, want yn myn herinnering

siet ik dêr altiten 

Dy krigen it minst in beurt

en dêr waard it minst opletten

It earst de beurt krije wie fansels in alder minste

At it alfabetysk op foarnamme gong

wie ik de sigaar

mar gelokkich

it meast wie de efternamme bepalend.

Geen opmerkingen: