dinsdag 2 juni 2026

Jimbar

 Tiisdeitemoarn goed 10 oere,

twa minsken sitte op it terras foar de Jimbar

In man en in frou

Jimbar is ticht mar de doar stiet iepen

Goed 25 jier begong harren avontoer

In brún kafee yn Wommels oan de Terp

mei in namme 

wêr't de nammen fan de hiele famylje ynsit

Jeroen Ina Marco Brouwer Anne Remco

Mei Marco en Remco yn harren hert tichtbij

is der no in ein kommen.

Anne, Ina en Jeroen stoppe der mei.

Hjoed of moarn of oaremoarn

giet Jimbar yn oare hannen

Noch wat opromje en dan 

ôfskie nimme fan Jimbar, 

dat dogge se tegearre

Anne en Ina

op tiisdeitemoarn om 10 oere op it terras oan de Terp


Taheakke

Moandeitemiddei sitte se ek op it terras

Efkes útpûste bij it opromjen

Twa fytsers komme lâns en sjogge in terras

dat iepen is op moandei

"Meie wij wol twa kofje" en se jouwe harren del

Ina is reewillich en set in bakje foar harren



Geen opmerkingen: