zondag 27 juni 2021

Hichtepunten

 



Trije hichtepunten, der gongen wij sneon foar.
Letterlike hichtepunten wol te ferstean.
Wij moasten der wol 92 kilometer foar fytse.

1. It brechje fan Bartlehiem



Foar sommigen minsken in symboal.
Foar mij net. 
In hinderlike hindernis
omdat je der net bij op fytse kinne
In rinbrêchje op fytspaden
ik haw der in hekel oan.
"Je moet er twee keer langs"
je moet er twee keer langs"
seit in entûsjaste Hollanner
at wij der oerhinne rinne.
Ik sjoch him oan en ûnnoazel "oh ja"?
"Ja, je moet er twee keer langs"
Ik haw "gjin idee" wêr't hij it oer hat

Wij fytse fierder

2. de terp fan Hegebeintum



De heechste terp fan Fryslân 
en dat mei elkenien witte.
In nij besikerssintrum moat dizze attraksje helpe
ta in symboal út eardere tiden te wurden.
It is in moaie klim
en it hat wol wat dêr op de fierders keale flakte

3. De seedyk bij Swarte Hoanne




Bij Swarte Hoanne stiet de slykwurker
In symboal fan de Bildtkers
dy't oan it ynpolderjen west hawwe.
De striid tsjin de see en tsjin de blubber


92 kilometer fytst, wêrfan 200 meter mei de boat.
Bij Keimpetille stutsen wij it van Harinxmakanaal oer
en fytse fia in net bewaakte oergong it spoar oer nei Wjelsryp





Geen opmerkingen: