maandag 14 juni 2021

It listje fan 10

 

 
De muzyk wie geweldich sneontejûn.

Stevie Ray Vaughan undercover, 

spile lekkere blûs yn it Bolwerk yn Snits.

Wat in gelok dat live muzyk wer kin.

Gelok?

Wat is gelok feitlik?

Dat ik sneon as alderlêste nei binnen mocht 

wylst de band al in kertier spile?

Dat bij de graasje fan ús leave hearen fan it Bolwerk 

de doar ek foar mij iepen gong?

Wat is gelok?

Ik hie dus in kaart, as ien fan de earsten kocht.

Yn desimber 2020.

It optreden fan jannewaris wie útsteld, fan febrewaris ek, fan april ek

mar no koe it wurde.

Tefolle kaarten ferkocht troch alle oanpassingen

Systemen dy't net goed wurkje

en dus mochten der 10 man net yn

wie de boadskip oan de doar.

Ik stie op it listje fan 10.

Wij moasten wachtsje

oant it wis wie dat de lêsten net kamen.

In frjemde rigel. Net te akseptearjen.

Doe't ik dan as lêste fan de 10 nei binnenmocht

wie myn adrenaline al heech.

Net fan de wille om de muzyk

mar fan lilkens.

Ik haw hjoed in pittich briefke nei de direksje stjoerd.



Geen opmerkingen: