zondag 12 januari 2020

Fen fan...... Tragically Hip

Ynlieding

De kommende moannen gean ik op syk nei hiele grutte fens fan ien bepaalde muzikant/band.
Wat makket dy muzyk sa bijsûnder foar dy fen?
Hoe is it begong?
Wêr is it begong?
Mei oare wurden, hoe kin de muzyk immen sa yn de besnijing krije.

Fen fan......... Tragically Hip

De earste fen noeget mij út om bij him thús it ferhaal te fertellen.
It ferhaal fan Tragically Hip. Ik haw mij fansels al wat tarieden en ik wurd begroete troch in entoesjaste hûn en ik herken dêr boppeút de klanken fan syn idoalen. Ik nim plak oan tafel bij Lukas Offinga yn Wommels.



Tragically Hip, dat is net in al te bekende band. Fertel it mar.

De Tragically Hip is in band út Canada. Sij spylje (southern) rock. Sij binne yn 1984 begong en hawwe sa'n 15 cd albums makke. De measten binne ek as elpee te krijen.  Sij binne yn Canada in hiele populêre band en ek in Nederlân en België mochten se graach komme en hawwe se in soad trouwe fens.

Hoe en wêr bisto mei dizze sound yn oanrekken kaam?

Dat wie yn Boalsert. Ein jierren 70 wurke ik dêr yn kafé it Diekje (Lukas hat dêr sa'n 25 jier wurke) en yn dy tiid makke ik as muzykleafhawwer en barkeeper myn eigen kassettebandsjes om tidens myn wurk nei wat lekkere muzyk te harkjen. 
It Diekje wie yn dy tiid in echt blueskafé.
De bekende Pub Street Bluesband fûn dêr syn basis.
Mar ik stie foaral ek iepen foar oare muzyk en sa komt der op in bepaald momint immen oan mei muzyk fan dizze band.
Dat klinkt goed en sa komt ek dizze muzyk op in kassettebandtsje.

It Diekje fan de blues ôf?

Net hielendal fansels, mar der komme wol hieltyd mear dy't the Hip (sa't de band faak neamd wurdt) ek bijsûnder leuk fine.
It is dan ek om dy reden dat er safolle Tragically Hip feans yn Boalsert en neiste omjouwing binne.

En dan komme se nei Nederlân

Ja it is dan 1990. Yn Vera ek noch wol.
Foar de minsken dy't dat net safolle seit, dat is it beste poppoadium fan Grins en miskien wol fan it Noarden.
Wij binne dêr doe hinne west dy earste kear en dat rekke mij gelyk yn it hert.
de no bekende Telegraaf sjoernalist Wierd Duk skreau foar it DvhN in resinsje

Wat is der sa moai, sa goed oan the Hip

Ik hâld  yn it  earste plak fan banda mei twa sologitaren en dêrbij noch in basgitaar. Dat jout in hearlike sound sa't de Stones dat yn de begjinjierren ek hiene.
Dizze band hat in garismatyske  sjonger, dy't mei syn prachtige stim fol oertsûging goeie teksten sjongt.
Hij is ek poetysk en teatraal. Alles meielkoar is it faak hearlik stevich, boeiend, nijsgjirrich en spylje se altyd mei passy

De earste kear yn Vera in bytsje publyk mar de twadde kear fol.

Ja, dat wie in jierke letter en binnen in bepaalde groep muzykleafhawwers bruts de band troch. Wiene wij de earste kear út Boalsert bij wize fan sprekken mei ien auto fol, de twadde kear rêden wij dat net mear op.
ek yn 1991 wie Lukas der bij yn Vera


De Oosterpoort twa jier letter is minder neffens de krante


Dat kloppet hielendal. De band komt it beste ta syn rjocht yn in net al te grutte seal. Ik fûn de Oosterpoort ek in stikje minder. Mar noch altiten goed hear....



Vera , Oosterpoort der binne fêst mear podia wêr st se sjoen en heard hast


Ik kin hast wol sizze dat wannear se yn Nederlân wiene dan wie ik der bij. Tivoli yn Utert en foaral yn Paradiso yn Amsterdam haw ik skitterjende konserten sjoen.
Ek al spilen se twa dagen efter elkoar yn Nederlân dan giene wij nei beide konserten ta. Ik ha se yn Belgie en ek yn Hamburg sjoen.

Wij dat binne?

Noch altyd myn muzykfreonen út Boalsert dy't yn dy begjintiid oan de oare kant fan de bar sieten.
Ik haw de band jierren lyn ek al ris sjoen yn Metropool yn Hengelo (mei soan Sjoerd)  en it wie bijsûnder dat ik doe hiel wat âlde kunde tsjinkaam dy't earder in soad yn it Diekje kamen en no yn Twente of Oerisel wenje. Dy muzyk lit ek harren net los

En festivals?

Ja se hawwe ek twa kear op Pinkpop spile. Mei wikseljend sukses at je Trouw leauwe moatte. Dat wie yn 1991 en 1995. Yn 1991 iepenen se it festival. Ik haw se ek sjoen op Werchter op dat grutte festival yn Belgie. Se spilen dêr tagelyk mei Neil Young en Metallica


De resinsjeskriuwer fan Trouw wie yn 1995 gjin fen fan de band nei harren optreden op Pinkpop

It wurdt net echt in grutte band yn Nederlân. 


Nee dat sit er net yn at je net draaid wurde op de kommersjele radio en op in fatsoenlike tiid.
Ik harke doe foaral nei Weeshuis van de hits, in radioprgramma fan de KRO.
Ek koene se noch wolris foarbij komme yn in prorgamma's fan Jan Douwe Kroeske mei syn "Twee meter de lucht in".

Is dat spitich dat se it grutte publyk net berikten

Oan de iene kant wol, it is foar mij ûnbegryplik dat net mear minsken dy't geweldich fine.
Oan de oare kant is it prima sa, no bleau it in band dy't yn de lytsere sealen optredens die.
Wat noch wichtiger is dat de band it sels ek prima fûn sa.
Sij hawwe altyd muzyk makke sa't sij dat woene en it wie net harren ultime doel om hiel grut te wurden.

Bands wikselje faak fan gearstalling. De iene fitarist giet, de oare komt. Hoe wie dat bij de Tragically Hip

Se hawwe altyd yn de selde gearstalling spile De band bestiet út Gordon Downie (leadsjonger en gitaar), Paul Langlois (gitaar), Rob Baker (gitaar), Gord Sinclair (bas) en Johnny Fay (drums). Fan 1983 oant 2016.

2016?

Ja, it needlot slacht ta bij sjonger Gordon Downie.
Yn maaie 2016 jout hij oan dat er in earnstige foarm fan kanker yn de holle hat en dat se dy simmer noch stopje sille.
Se dogge noch ien grutte toernee yn Kanada en dy toernee eindigt op 20 augustus 2016 yn Kingston yn Kanada wêr't se foar de allerlêste kear te sjen binne.
It konsert wurdt streekrjocht útstjoerd op de tv.

Dat konsert is in gouden herinnering foar dij?

Miskien wurdt it dat  noch wol, mar ik haw lange tiid de muzyk fan the Hip net draaid en net sjoen. Ik hie tefolle emoasjes.
It hat mij sa rekke de dea fan Gordon Downie en it besef dat it no dien is.

(Ik sjoch it no in Lukas fol emoasje en wij binne efkes stil)

Wannear is sjonger Gordon Downie stoarn?

Op 17 oktober 2017. 53 jier âld. ( Sjoch dit artikel yn de Volkskrant)

De band is hielendal stoppe?

Ja, begryplik fansels.
Sij hawwe hast 34 jier mei harren fiven safolle meielkoar dield, persoanlik en yn de muzyk en at er dan ien fuort falt en ik noch harren frontman,  dan hâldt it op.

Wie it in echte frontman

Hij wie de frontman omdat hij song en foar de teatrale noat soarge.
Hij wie net in frontman dy't sa nedich alle oandacht ha woe.
Hij koe hiel goed diele mei de oare bandleden. It wie in echte band.
Hij hat alles skreaun mar de royalties dêrfan binne net allinne foar him mar ek foar de oare bandleden

Wat is it beste wat se neilitten ha as band. Ik bedoel oan albums en nûmers.  

(Lukas sjocht mij suver wat lilk oan at ik dizze fraach stel)

It is mei Tragically Hip krekt as mei it Greidhoekfestival wêr't ik alle 9 jier yn de organisaasje siet. Dêr fregen se ek wat de beste edysje wie.
Ik jou dan oan dat eltse edysje fielde as in je bern.
Alle bern binne unyk mei harren eigen identiteit.
Dêr kinne je ek net sizze wat it beste bern is.
Sa is it ek mei the Hip. Ik bin mei harren meigroeid yn harren muzikale ûntwikkeling en op it iene momint fine je dit moaier en op it oare momint dat.
Bij harren optredens spyljen se meast sa'n 40  prosint itselde en de rest fulden se oars yn en waarden wij ferrast

Lit ik it oars freegje: hokker nûmers wolst graach dat se spylje

Little Bones en Blow at High Dough

Is der neist the Tragically Hip noch romte foar oare bands.

Seker. Ik wie grut fen fan Little Feat. 
Sij spilen in 1976 op Pinkpop. Ik siet yn de brommerleeftyd en wij binne dêr doe op de brommer hinne west.
It wie doe noch yn Geleen.
Pinkpop wie doe mar ien dei en wij wiene dus fan te foaren in dei oan it reizgjen en werom noch in kear.
Uriah Heep spile dêr doe as headliner.

Noch mear bands?

Betty Serveert, Reboelje, Hallo Venray, Chuck Prophet, Deus  en Fatal Flowers. En Madrugada fansels ek. Dêr wisto alles fan want yn oktober hawwe wij dy noch sjoen yn Tilburg.

Werom nei the Tragically Hip. Hoe faak hast se sjoen?

Ik wit it net krekt, mar it sil faker mear as 30 kear west ha. Sis it mar tusken de 30 en 40 kear.

De cd's en elpees fan dyn band hawwe in prominint plakje yn dyn platekast


Haha, it measte is opburgen, want mei de streaming op ynternet haw ik alles mei twa klikken bij de hân.
CD's draai ik net safolle mear.
In plaatsje draaie doch ik soms.
Gelokkich leit hjir en dêr noch in ferdwaalde cd en ek noch in elpee
en dat is moai foar de foto....


Wat soene wij foaral heare moatte?


Alles, op Google Play en Spotify is safolle te hearen en oars binne der yn in goeie platseaak ek noch wol cd's te keap.

Lukas do bist ek ien fan de grûnlizzers fan it suksesfolle Greidhoekfestival. Hiesto ek in dream?


Ja, myn dream wie the Tragically Hip op ús festival. 
Dy dream komt net út.
Bob Greidhoek  en Gordon Downie beide dea, dat wurdt him dus net

Wat soene wij foaral sjen moatte om de muzyk en de band kennen te learen?

Om te begjinnen is Live at the Misty Moon  foar mij it begjin west.

Twad de dokumentêre Long time Running, dy't in moai byld jout fan de band yn 2016, doe't se dwaande wiene mei harren lêste toernee yn Kanada..

It lêste konsert op 20 augustus 2016 is fansels ek hiel bijsûnder mar foar de echte fen lyk as mij wol hiel emoasjeniel.

En fierders binne der op JoeTjoep opnames fanút it prachtige Paradiso yn Amsterdam en dy binne ek prachtich om te sjen.


The Tragically hip Live At The Misty Moon 1990







The Tragically Hip - Long Time Running (2017 Documentary Film HD)







The Tragically Hip - A National Celebration (Live in Kingston




Ta beslút 

Bisto ek fen fan dy iene band of muzikant, fljochsto ek alles ôf om se te sjen, wolsto dat ek diele mei oaren, lit it mij witte.
Ik wol der graach oer skriuwe. 

0655117582



Geen opmerkingen: