mei twa pake- en beppesizzers.
Underweis nei it Scheepvaartmuseum yn Snits.
Trije oeren binnen west
en gjin momint ferfeeld.
Moai is dat mei bern soks te dwaan.
Sij sjogge oars en stelle moaie fragen.
Allegear boaten en oare nijsgjirrige saken.
Hichtepunt fansels op de earste ferdjipping
efteryn it gebou:
it bernemuseum
Prachtich fermaak
want dêr meie je oeral oankomme
en alles útprebearje
Prima útsje fûnen de bern ek.
![]() |
stickers plakke mei it skilderij as foarbyld |
![]() |
de âldste boat fûn bij kleaster Thabor bij Turns |
![]() |
Us legomantsje seach mei ferwûndering nei dizze boat |
![]() |
dit is wol leuk foar bern: oan it roer |
![]() |
en de fok ophelje en deldwaan |
![]() |
as in echte skipper |
![]() |
Hoefolle turven heech bisto Jelske? |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten