woensdag 3 april 2019

Ald

It digitaal kafé, wêr't wij mei in oantal frijwilligers
yn de byb yn Wommels,
minsken (meast âlderen) stypje mei tablet, tillefoan of laptopfragen,
levert soms aardige kontakten op.
Sa as hjoed,
doe't ik op fersyk fan in âlder echtpear
nei in oar doarp as Wommels fytste
want "de mail woe net fuort en woe net binnenkomme"
wie harren needgjalp fanút hûs
omdat se fanwege krupsjes net lâns komme koene op moandeitemiddei

En sa sit ik dêr yn in húskeamer fol mei boeken
dêr de man him noch altyd yn fernuvere
en mei in kompjûter,  dêr't de frou net sûnder kin.
In kompjûter dy't swier ronkt bij it opstarten
en wêr't it grutste lettertype ynsteld is
fanwege de al mar minder wurdende eagen.

Mei wat gelok, tink ik,
los ik it probleem ridlik gau  op
en sa ha wij noch wat tiid
om ek oer wat oare dingen te praten

Dat harren bern op ôfstân sitte yn it Westen fan it lân
en dat dy ek net alles witte fan kompjoeters.
Bern dy't ek yn doelgroep fan it Digitale kafe sitte,
want dan besef ik mij
dizze minsken binne 90 en harren bern dus like âld as mij.

Nee, dêr kinne de bern ús net mei helpe
mar wol de pake- en beppesizzers
at dy in kear tiid ha om hielendal nei dat fiere Fryslân te kommen

It wie in nuttich fytstochtje en ik haw it graach dien.



Geen opmerkingen: