donderdag 31 januari 2019

Gedichtendei 2019

It wie fannemoarn wat wyt
doe't ik de gerdinen iepen die.
Gewoanwei gjin reden om te fytsen
mar dit lytse laachje en de opkommende sinne
luts mij nei bûten.

Iens om?
Of noch fierder at it wat tafalt mei de diken.

Bij de Warntille
dy  prachtige farske spoaren
op it fytspaad.
Der hiene mij al in pear foar west
dy't sa it liket de oare kant útfytsten

4 spoaren fan harren
en ien nije fan mij.

In prachtich gesicht
en ik tink no en twitterje letter
"sa moai ús eigen spoar meitsje"

De opkommende sinne makke it byld kompleet.

 Pieteke de Boer,
in betûfte ferseskriuwster
fynt ynspiraasje om in fers te skriuwen
bij "de spoaren yn de snie foto"

Moai dien Pieteke....
en dat op de gedichtendei 2019







Geen opmerkingen: