donderdag 24 januari 2019

Winter-snie-nocht

Winter, it is net myn ding
Snie, ik fyn it mar lestich 

Mar dizze winter is alles oars
mei de 4 pakesizzers.
De jongste hat noch gjin besef
mar de oare trije wol



Jelske.....6 jier ...
nocht oan sniemanbouwe
en snieballen meitsje
mei it folautomatyske sniebalapparaat.....

Samme, 
2 jier
syn útspraak is om it kertier:
"alles is wyt"
de slide is syn freon


Roan.....sûnder wanten
3 jier
snie skowe, wat in wille,
mar ek sniebal smite
in oere lang hawwe
hat hij mij fermakke
en ik him


Snie it is in lust foar it each
en topfermaak foar bern en pake Aant



Geen opmerkingen: