woensdag 9 januari 2019

Idzegea


Tiisdei yn rein en stoarm 'foar de"wyn
nei Lytsewierrum
werom mei sinneskyn
en de stoarmwyn tsjin.

in betinktsjinst foar Melle de Boer
de heit fan Eddy de Boer
ferstoarn nei in koart siikbêd
en rom in heal jier nei syn frou.

Melle de Boer", dy koe ik fierders net
útsein fan de routsjinst fan syn frou yn 2018,
doe't hij tsjin mij sei
"wa binne jo?"

Ein 2018,
sis mar de lêste 6 wiken,
siet Eddy mei in fraach oer syn heit.

Melle de Boer is berne yn Idzegea
mar wit net op hokker pleats dat is;
hij hat er koarte tiid wenne
en soe graach witte wolle wêr't it krekt is.

It wurdt it begjin fan in bijsûndere syktocht
op ynternet, bij Treosar en bij de gemeente.

Sykje om in adres dat net bekend is
yn in doarp dat foarhinne folle grutter is
en gjin strjitnammen hat.

en sa speure wij âlde kranten troch,
lizze ferbannen tusken in boerenboelguod
yn it iene en yn it folgjend jier,
sa sneupe wij yn âlde kadasterkaarten
en sykje kontakt mei minsken yn de buert.

Mear as 30 dokuminten dy't ús
stapke foar stapke helpe.....
en fierder helpe

In prachtige speurtocht
dy't úteinlik rissultaat hat.
Wij fine it adres......

En krekt yn dy wiken set de sykte
fan Eddy syn heit yn.

Hij hat er net mear west,
dat hie oars sa moai noch wol west;
hij hat gelokkich noch wol de foto's sjoen
fan hoe't it der foarhinne bij lei

In bysûndere speurtocht
wêr't Melle de Boer foar mij libjen gien is,
sa krekt foar syn dea.






Geen opmerkingen: