It wie in goed jier
dit twadde jier dat ik net mear wurkje.
Sûn en in protte nije dingen
en útdagingen
Omgean mei de 4 pakesizzers
dat is geniete op syn best.
Moaie fytstochten,
kulturele haadstêd foar in part meimakke
en dat wie prima
Digitaal kafe,
de jeugd traine bij fuotbal,
meiwurkje oan it digitalisearjen bij Fryske Hannen,
SDS side noch wat bijhâlde,
in muzykkonsertsje bijwenje
dat binne fan dy hast fêste aktiviteiten yn in wike
Tiid stutsen yn tariedingen fan Under de Toer
en moaie jûn hân mei it ynsprekken fan de tekst
in moai sneupkluske yn Idsegea
mei resultaat
Moaie positive saken
mar ek wol hjir en dêr in teloarstelling.
sa as,
ús fytsfakânsje yn Frankryk,
dy't troch in ûngemak
net langer duorre as in wike.
sa as,
dy freedtemiddei yn novimber
doe't ik in jongere fan Talant trof
dy't frege: Kom je vanavond ook?
en ik ferbaasd reagearde en hearde dat
alle meiwurkers fan Under de Toer
jûn de slotjûn hiene........:
Under de Toer,
wêr ik foar myn gefoel
foar de útfiering
in weardefolle bijdrage levere ha
mei in skriuwen,
it ynlêzen
it neisjen
en it útsykjen .
(ferfolch op 4 jannewaris: ik krige noch in tankbriefke en boekwurkje fan de organisaasje)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten