Posts tonen met het label het Bolwerk. Alle posts tonen
Posts tonen met het label het Bolwerk. Alle posts tonen
zondag 29 november 2015
40 jier Bolwerk
It Bolwerk yn Snits bestiet 40 jier.
Feest dus.
Mei wa kinne je better in feest fiere
as mei the Toy Dolls
punkers út Ingelân.
De stoarmwyn dy't bûten raasde,
wie ek nei binnen waait:
wat in hearlike energjy bringe dy mannen
op it poadium
de strakke slachreauman
de healwize gitaristen
dy't de iene nei de oare meisjonger
de seal yn punke...
hjir krige elkenien in goed sin fan,
wat in sfear.
selden sa sjoen yn it Bolwerk
hoe't it feest wie
justerjûn yn it Bolwerk
is fergelykber mei de ûndersteande klip.....
zondag 29 september 2013
Letz Zep
"Supervet optreden" twittere der justerjûn immen oer Letz Zep yn it Bolwerk yn Snits. En sa wie it mar krekt.
Led Zeppelin is in geweldige band mei supermuzyk en sa't dizze mannen fan Letz Zep dat delsetten fertsjinnet alle lof. Strak stjoerd troch de drummer en basgitaar, nei wat in muoisum begjin in sjonger dy't de Plant sound aardich ûnder de knibbel hat en mei gitarist Andy Gray dy't oan Jimmy Page hast in gelikense hat. Machtich gitaarspul en foar mij is dat Led Zeppelin.
Mei 8 man út Wommels in hearlik jûntsje hân wêr't opfoel dat der yn it aardich folle Bolwerk moai wat jongerein wie neist de grize en keal koppen. Arriva wie de Bob hinnereis en it hobbeltaksibuske de weromreis.
En fansels mochten Hendrik Engbrenghof en Jaap Toering nei ôfrin efkes mei harren gitaarheld op de foto.
Foar Jelle de Jong wie gjin romte mear.
Foar Jelle de Jong wie gjin romte mear.
![]() |
| Mei wat gûchelje mei kleuren falt it resultaat fan de foto net iens tsjin. |
Labels:
het Bolwerk,
Letz zep,
Sneek
zondag 16 juni 2013
Metal
Op in net al te gebrûklike tiid stie der in metalkonsert op it programma yn it Bolwerk yn Snits. "It metal matinee" rôp de sjonger fan de earste band Dimeaon. It like lang gjin prive konsert want der wiene noch wol in man as 77 op dat momint. Mij net meirekkene.
Om 5 oere begong it grutte en bettere wurk. Between the Buried and me. Der wiene wierskynlik noch wat metalisten oproppen om foaral noch nei it Bolwerk te kommen. Spyt sille se der net fan hân hawwe.
De Amearikanen spilen mar leafst 6 nûmers mei in gemiddelde fan 15 minuten per nûmer. Gjin tiidferprutse mei ynprate, beprate en hantsjeklap.
It klonk as in hurde klok en der siet in soad fariaasje yn de trije gitaren, de toetsen, it slachreau en it sjongen.
De tsjustere seal ljochte faak genôch op troch moaie ljocht effekten.
Tweintich oer seizen stie ik wer bûten en hearde ik bij Turns de skriezen wer in bytsje en bij Easterein wiene alle metallûden ferfreaun troch lûden út de natoer.
Om 5 oere begong it grutte en bettere wurk. Between the Buried and me. Der wiene wierskynlik noch wat metalisten oproppen om foaral noch nei it Bolwerk te kommen. Spyt sille se der net fan hân hawwe.
De Amearikanen spilen mar leafst 6 nûmers mei in gemiddelde fan 15 minuten per nûmer. Gjin tiidferprutse mei ynprate, beprate en hantsjeklap.
It klonk as in hurde klok en der siet in soad fariaasje yn de trije gitaren, de toetsen, it slachreau en it sjongen.
De tsjustere seal ljochte faak genôch op troch moaie ljocht effekten.
Tweintich oer seizen stie ik wer bûten en hearde ik bij Turns de skriezen wer in bytsje en bij Easterein wiene alle metallûden ferfreaun troch lûden út de natoer.
zondag 9 december 2012
De baas sels
foto Minze Dijkstra fia Twitter
Sneontejûn spile Jan Akkerman yn it Bolwurk yn Snits.
Jan Akkerman, yn 1973 útroppen ta beste gitarist fan de wrâld.
Hij spile foaral yn Brainbox en Focus.
Brainbox is yn de hast orisjinele besetting twa jier ek mei in toer begong.
Ek sij wiene in goed jier lyn yn it Bolwurk.
Dat wie in moaie jûn ek omdat de sjonger fan Brainbox, Casimir Lux foar in grut part it lûd fan Brainbox bepaalt.
Jan Akkerman hat brutsen mei alles wat him Brainbox neamt mar toert no wol rûn mei it programma "My Brainbox".
Mei Bert Heerink as sjonger, in toetsenist, in basser en in drummer makken se der yn Snits in moaie jûn fan.
Foaral troch it strakke lûd en in geweldich optreden fan de master sels.
Skitterjende gitaarsolo's fan út yn it hearlike Brainbox reportoire.
Fan 10 oant 12 oan ien stik troch foar in gesellich folle seal.
En de fluit yn sommige nûmers?
Dat die de man op toetsen. Lekker nep mar it klonk goed. En dêr giet it om.
Nettsjinsteande it feit dat it My Brainbox wie, spilen se ek it prachtige Hocus Pocus fan Focus.
PS.
In kaartsje keapje yn de foarferkeap is echt foardielich.
15 euro foarferkeap stie op it affysje.
17.50 oan de doar.
Fia ynternet wie ik ûnderweis om in kaartsje te keapjen.... oant it oan beteljen ta wie. Mei alle kosten der bij kaam ik boppe de 17,50 út. Dat fûn ik wat frjemd.
Dan mar helje bij Primera.
Ofrekkenje komt de man út op 17.49.
Sjoch dêr dogge je it foar.
Mei jild betelle dêr......dus 17,50 want sinten dogge wij net oan.
Foarferkeap is der dus allinne om wis te wêzen fan in kaartsje.
Abonneren op:
Posts (Atom)




