Lytse skoallen binne te djoer en lytse skoallen binne te kwetsber om de kwaliteit op peil te hâlden.
Dat lêste is wat oars as dat lytse skoallen minder kwaliteit biede.
Krekt op it momint dat dit grut nijs is en in soad reaksjes opropt, net allinne yn Fryslân, mar foaral ek yn Seelân, sit ik hjir op de skurte mei it boek fan de reuny op 22 augustus 1992 yn Hidaard.
Nijsgjirrich boek mei moaie âlde foto's mei in oantal bekende nammen en it ferhaal fan Hidaard. Oer de foarsjenningen, oer de tsjerke mar foaral ek oer de skoalle.
Twa artikels yn it boek binne nijsgjirrich at je it hawwe oer it fuortbestean fan de skoalle.
Dit wie yn 1951. Hidaard krige noch in nije skoalle en de ynspekteur hie in soad wurdearring foar de moderne wize wêrop yn Hidaard les jûn waard. Men hie in eigen filmprojektor en de bern koene harren eigen skoalkrante kopiere op skoalle, sa lês ik yn it boek..
Ien fan de moaiste foto's yn it boek is dizze foto (foto fan P.U. Boersma). De bliidskip strielt der ôf at der in skoalle iepene wurdt. Mannen yn swarte pakken steane der bij of wurdt de skoalle sluten. Mar echt dit is fan de iepening yn 1951 doe't in lyts famke de kaai oanjaan mocht en foar de rest de swartepakkenmannen foaroanstiene ynstee fan de bern.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten