Fytsroutes, se binne der yn soarten en maten. Je hawwe kar genôch at je efkes op ynternet omstrune.
Lange ôfstanden of koarte routes sykje it mar út. Der binne routes dy hawwe in namme omdat se ferwize nei in bepaald gebiet: De Bjirmen route en it Legeanster paad binne dêr foarbylden fan. Foar de lange ôfstannen kinne je bijgelyks telâne op de Súderseeroute, de Midden Nederlân route, de Noardseeroute of de Waddenseeroute.
Op de fytsfakânsjebeurs okkerdeis yn Amsterdam besochten organisaasjes ús waarm te krijen foar bepaalde routes.Ik waard oansprutsen troch in man doe't ik krekt te lang stean bleau bij in stand dy't ferwees nei Westerbork.
"Kent u Westerbork", frege hij mij.
"Ja, daar ben ik geweest".
"Wij hebben nu een route door Nederland gemaakt met 6 vergelijkbare oorlogslocaties. De route loopt van Westerbork fia... naar ....... Loopt u deze gang even door dan ziet u de herinneringsfoto's van de oorlog"
De koartste wei om bij dizze man wei te kommen wie yndie dy gong troch.
De man koe net witte dat ik hielendal, mar dan ek hielendal neat ha moat fan al dy oarlochdingen. Ik lês gjin oarlochsboeken en sjoch seker gjin oarlochsfilms. Miskien is it dêrom ek wol dat ik ek net folle nei it sjoernaal sjoch.
Ik bin de gong dêr trochrûn. Makke gau twa foto's omdat ik doe al wist dat ik dêr wat oer skriuwe woe.
Wêr't de route allegear lâns giet, gjin idee. De folder dy't mij yn de hannen treaun waard leit hjir en giet no yn de papierbak.
Ik moat neat ha fan sokke kommersjele oarlochsoanbiedingen allinne al troch de titel: Westerborkpad, in het spoor van de jodenvervolging.
Hokker route ik dit jier fytse sil, wit ik net. Mar ik bin der wis fan dat it dizze route net is.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten