Om yn de fakânsje ek wat yn it fytsritme te bliuwen, jou ik mij alle dagen efkes in oere oant twa oeren del op myn Sinner lytsfyts.
Mei in waarme jas, in mûtse fier oer de earen en in broek ûnder de broek kin it allegear krekt.
Mei in muzykje op toerde ik fannemoarn rjochting de noardeasten wyn.
Ik besykje altiten ferbinings te lizzen tusken it iene en it oare en de ferbining hjoed wie de muzyk.
Bij Easterein hearde suver ik klanken fan de blues,
bij Boazum fielde ik de Nacht fan Bozaum,
bij Easterwierum roppe se mij ta: Do komst en
ûnderweis nei Weidum rockten de roeken.
Fanôf Jellum hie ik foar de wyn en mei de sinne derbij fleach ik yn Hilaard foarbij it terrein fan Hy-night.
Nei 36 kilometer bin ik werom yn it hert fan de Greidhoeke: Wommels mei syn Greidhoekfestival.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten