"It sicht is withoefier en 't eachweid grut" dat is de titel fan in nijsgjirrich boekje fan 1999.
Ik kaam it yn de byblioteek fan Wommels tsjin en it is skreaun troch Eize de Boer.
It stiet fol mei gedichten fan doarpen yn Fryslân. Yn totaal 50 stiks.
Fansels mei ik neat fermannichfâldigje ensf. mar ik beskôgje dit mar as reklame en dêr sil in skriuwer neat tsjin ha.
Ik begjin mei it earste kouplet en rekkenje der op dat der al immen wit hokker doarp dit is.
(fansels net yn it boekje sjen........)
Gjin winkels mear, ien tsjerke is al ticht,Mar oare dingen meitsje it noch wier,in kleurryk skoaltsje en in hûs "Romsicht"dogge te witten, it eachweid is hjir fier.
Nije wike it twadde kouplet alteast at nimmen besocht hat it goeie antwurd te jaan op aanthofstra@hotmail.nl
Geen opmerkingen:
Een reactie posten