zondag 17 februari 2013
Lâns de line mei Langs de Lijn
Sneon gjin amateur fuotbal en snein wol. It wie snein dus sa'n dei om te kiezen. Kieze út thús op de bank Eredivisie Live sjen, Langs de Lijn harkje en wat twitterje of de kjeld yn, op de fyts nei Easterlittens om de pleatselike favoryt te sjen tsjin Leeuwarden.
Gjin drege kar.
Op de fyts dus lâns de Boalserterfeart nei Littens.
Trije minuten foar twaen kaam ik oan bij it ferlitten sportpark. Ferbaasd siet ik om mij hinne te sjen.
Wol twa man bij it stek mar fierder net in minske te sjen. "Is it wol om twa oere", tocht ik noch, mar dêr seach ik it read giel fan de jonges fan Littens al oankommen. Mei dêr efteroan de tsjinstanners.
Mei myn earke fan de radio , dy't op de Langs de Lijn stie, socht ik plak. Dat wie der genôch. Wat in bytsje minsken. Doe't it om 2.00 úteinsette wie der 27 taskôgers, de twa banken net meirekkene.
Gelokkich kamen der noch wol 10 man/frou bij foardat it skoft wie.
It fjild wie prima, it fuotbal wie min neffens twa Leeuwarden supporters en ik spruts se net tsjin.
De tuskenstanden fan PEC - Feyenoord dy't ik fia myn earke binnenkrige en fia in tweet fan in Fean supporter, omdat dy klup foar stie yn Den Haach, wiene min dat ik wie bliid dat ik dat thús net seach en dat ik hjir oan de line yn Littens stie te frekken.
No ja, frekke, it wiene myn fuottten dy't yn it fochtige gers net waarm bliuwe woene.
De rêststân wie 1-1 en de kofje wie hearlik.
De twadde helte waard it spul wat iepener en der kamen mear kânsen oan beide kanten. Leeuwarden, ien fan de koprinners, makke noch twa doelpunten en it like of ûndergie Littens it mei in gefoel: it is net oars.
En dochs wie it net in ferkearde middei dêr yn it kâlde Littens.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten