vrijdag 8 februari 2013

Littenseradiel

Der binne wol sealen/teaters wêr't je foar in moaie jûn 20 euro yntree jaan moatte en wêr't je je nei de tiid ôf freegje at dat it wol wurdich wie.
Der binne ek jûnen wêr't je fergees nei ta meie en dy't kwa fermaak hast 20 euro wurdich binne.
Keale en griize geraniums (wol of net yn bloei) mei hjir en dêr wat jongere blommen.
Sa seach it der út justerjûn yn de grutte seal fan it Dielshûs yn Wommels.
Alle Wommelsers wiene útnoege troch in brief en troch it lûd fan omropper Syb om mei te praten oer in dea-earnstige saak: de takomst fan de gemeente Littenseradiel.
Sa'n 120 minsken joegen gefolch oan dizze oprop en it hast folsleine kolleezje (dat binne der 2 fan de 3) en de heechste amtners wiene oanwêzich om ús te traktearen op dochs wol in moaie jûn.
It hie in klucht wêze kind, at it net sa'n earnstige saak wie.
Nei in goeie útlis fan it hoe en wêrom, nei it presintearjen fan de mooglikheden wie it tiid foar diskúsje.
Wethâlder Froukje Hernandt fleach de seal troch mei de mikrofoan en sij die de beantwurding tegearre mei boargemaster Johanneke Liemburg op in luchtige wize mar mei in serieuze toan.
De útstrieling fan "wij wolle dit leaver ek net mar wij sjogge gjin oare mooglikheden" kaam belutsen oer.
Komplimenten oan de gemeente hoe moai at it wenjen hjir is, hoe feilich at it hjir is, hoe leechdrompelich men it fielt en foaral it feit dat sa'n jûn oanjout dat men de boarger seurieus nimt.
Boargemaster Liemburg brûkte net foar neat it wurd "demokrasy" hiel faak.
Fermaaklik wiene de twa jokers: de iene stelde in fraach oer it jild, krige net it goeie antwurd en stapte gelyk de seal út (en waard noch krekt net útfluite), want "at ik dêr gjin antwurd op krij, haw ik hjir neat te sykjen"
De oare joker kaam út âld Wûnseradiel en erfaart no it wengenot yn Wommels.
Hij wist omslachtich te fertellen dat syn eardere doarp Allingawier der seker net op efterútgien is troch de weryndieling, dat alles dêr noch goed is en wat al net mear.
En sa as op alle jûnen, harkje minsken net goed nei de antwurden wêrtroch te faak deselde soart fragen steld wurde en de boargemaster wol hiel faak itselde antwurd jaan moast, sûnder irritaasje.
Der waard nei ôfrin net stimd mar in peiling holden. Dat is globaal telle. It die bliken dat globaal telle noch net sa maklik is.
Krekt as yn hast alle oare doarpen is der grutte wurdearring foar de gemeente (terjocht!), is it gefoel foaral dat wij graach selsstannich bliuwe wolle (terjocht), mar dat it sûne ferstân kiest foar weryndieling. Alteast bij de measten. Ik bliuw myn gefoel noch mar efkes folgen, miskien wol tsjin better witten yn.
Wij binne trakteard op in goeie politike jûn mei de kofje, de keek en ien konsumpsje der op ta, op kosten fan ús gemeente. Spitich foar de fuortrinner, dat hie der moai efkes meipakke kind.





Geen opmerkingen: