maandag 31 maart 2008

Simmertiid

Dizze earste dei fan de simmertiid, jout gelyk al in simmergefoel. De sinne der bij en lekker lang ljocht. Noch efkes wer nei it ynterfjoe fan van Gaal sjoen. Prachtich. Dy man leaut hieledal yn him sels en hat alle wiisheid yn pacht. Moai dat er sokke minsken binne, foar mij toptillefysje. Sneon wer efkes fuotballe, hoewol de trepankel noch net goed is. 2-0 winne fan Aldehaske joech in goed gefoel.
It wokken fan ferline wike hat ús goed dien. De klaaikeamersfear levert wer in protte ûnderbroekelol op. Daan, ús fêse grinsrjochter joech noch efkes oan dat hij folgend jier ek wer flagget. Ek al ballet er sels net mear, hij wol der graach bijheare. Of soe dat mei alle grinsrjochters sa wêze.

zondag 2 maart 2008

Skrikkeldei

29 febrewaris is in ekstra dei. Dat wol ik ek sa fiele, dêrom nim ik frij. De dei begjint gelyk al goed. Op ynternet lês ik dat Simon Minnesma nei Belgie giet te keatsen. Dat is nochris goed nijs, want dêr kom ik nea.
Erik Seerden en Simon Minnesma dat binne foar mij keatsers wêr't je foar thús bliuwe. Irritant gedrach yn myn eagen. Net echt.
Net in goed gefoel hâld ik oer oan it interfjoe yn Boppeslach fan Arjen de Boer mei Gert Jan Verbeek. Gewoane fatsoenlike fragen wurde troch Verbeek stug, ûntkenned en irritant beantwurde.
Dat hat er wol mear mar ik begjin der hieltyd mear argewaasje oan te krijen.
Ik hoop dat dy Rotterdamse journalisten him goed oanpakke. Rotterdam? Ja, it kin Feyenoord wurde mar ek Sparta (Booy bliuwt dêr net) of Excelsior (Lokhof hat syn langste tiid dêr ek op de bank sitten)

donderdag 28 februari 2008

Hofkamp



De âldsjes fan Wommels en omjouwing hiene woansdeitejûn 27 febrewaris wer in útsje. Yn de biblioteek yn Wommels kaam Auck Peanstra fertellen hoe’t se der ta kommen wie om in boek te skriuwen oer Sitebuorren, wêr’t se wenne hat en mocht Gurbe Douwstra mei syn gitaar der foar soargje dat it net hiel saai waard.
Gelokkich sieten der hjir en dêr ek noch wat “jongeren” yn de seal en dêr hear ik seker bij.
It boek Sitebuorren, myn eigen paradys falt wat mij betreft yn de “Oh ja, dat is ek sa” kategory. Dingen herkenne, dy’t er no net mear binne en dy’t at je se no heare soms wat ûnwêzenlik oerkomme.
Wêr bliuwt de tiid? skeat er troch mij hinne.
En wylst ik harke mei de helt fan sân pear earen en Piter Kamstra ek sitten seach tocht ik oan de Hofkamp. De folksbuert yn Wommels wêr’t wij beide ús jeugd trochmakke ha. Hij wat langer en ik wat koarter.
Ik besef no ynienen dat dy Hof fan Hofstra komt en dy kam fan Kamstra.
At er oer Site buorren mei syn trije pleatsen 24 haadstikken fol binne te skriuwen dan moat er oer de Hofkamp wol 24 boeken gear te stallen wêze.


Oké, earst marris ien dan. Ik nim it earnstich yn oerwaging.


dinsdag 19 februari 2008

Van Hanegem

Wat in fuotballer wie dat. Wat in prater is it no. Hoewol syn swijen mear syn hannelsmerk is. Bij elke fraach spilet hij de ûnskuld en moat de fraach altyd noch in kear steld wurde en útlein. Want van Hanegem hat gewoan efkes tiid nedich om in leuk antwurd te betinken. Hjoed hat er it AD wer opfleure mei in kollum en dêr lûkt der flink fan lear tsjin Cruyff dy't fanôf de berch fan alles ropt mar nea de moed hat om nei ûnderen te kommen en syn ferantwurdelikheid te nimmen en syn wurden in kear wier te meitsjen.
Ek hjoed is der in berjocht dat er miskien wol stoppe wol mei it trainen fan FC Utert. Want de skeidsen binne allegear tsjin him en dat kost de klup punten. Hoe betinke je it.
It soe ek in min momint wêze om te stoppen. Krekt no't it foarjier der oankomt, wylst van Hanegem de hiele winter seurd hat oer de kjeld, soe der dan op hâlde wolle.
Miskien kinne de rollen omdraaid wurde bij fc Utert. Van Loen de training en van Hanegem de parsekonferinsje. Lekker wat lulle oer de wedstriden en de skeidsen. En nei de tribune ferwize is der dan seker net mear bij.

vrijdag 28 december 2007

Oaljekoeken

Ik koe der hast net fan sliepe. It AD mei de `oliebollen` bijlage foel hjoed yn de bus. Want it is alle jierren in spannende oangelegenheid yn Fryslân, wêr't wij ús oaljekoeken dit jier keapje moatte, neffens it AD. It wurdt in hiele reis dit jier. Wij sille nei Wolvegea moatte: dêr wurde bollen bakt dy't smaakfol binne. Foar fisk moatte wij nei Dokkum. Alteast dat fine de AD priuwers fan de oaljekoeken dêr. It wie ek maklik om de relaasje mei Bonifatius te lizzen.....
Gelokkich steane net alle bollebakkers yn de test. Dat betsjut dat ik net wit hoe goed of min dy fetballen binne dy't wij keapjen gean. En wij geane der echt net foar nei Wolvegea. Mocht ik nei dit wykein noch net better wêze dan krije de oaljekoeken de skuld.

maandag 24 december 2007

Binnen bliuwe

Moaie krystdagen wurde dit. Ik kin der net út. In longûntstekking sei dokter fannemoarn. En at ik wat goed oer pinneseline kin. Ik tink it wol want safolle erfaring haw ik dêr net mei. Hjir bin ik moai klear mei. Net dat ik mij net fermeitsje efter de geraniums. Ik mei graach lêze en dêr binne geraniums poer geskikt foar om efter te sitten. Mar it gefoel dat ik foarloapich Kûbaard net om kin, benearet mij. Want bij in fytsrûntsje Kûbaard komme de beste dingen yn mij boppe. Ik moat mij dus rêde mei âlde ideeen en hope dat ik in Kûbaarder momint krij yn in luie stoel , wylst ik betiden nei asem sit te happen. Wol in prachtige kolum lêzen fan Trienus Riemersma (oer froulike dokters en froulike bussjoffeurs) in oantal moaie interfjoes lêzen yn de Volkskrante mei Gertjan Verbeek, de frou fan Jan Wolkers en Wilfred de Jong. En dy lêste hat it foaral oer syn interfjoe mei Kluivert yn Holland Sport. Dat sil ik mar werris opsykje en besjen want ik wit noch hoe folle wille mij dat die dat Wilfred dy kloatsek fan in Kluivert oanpakte,wylst hij miende dat er syn boek oanpriizgje koe. Dat boek fan Kluivert wie ien fan de minstens dy't ik lêzen ha. Mar sil jim gjin nij dwaan

zondag 23 december 2007

It begjin

Is dit in earste stapke op it grutte wide web?
Nee, dit is in nij stapke.
En miskien wol in stap.
Altyd dwaande om websiden te fullen fan bijgelyks fuotbaljen, keatsen en doarp.
En net te ferjitten yn it skiere ferline fan myn freon Sibe de Seefûgel.
Bij dat fullen kinne je gelokkich ek wat fan je sels kwyt.
Mar it docht hieltyd mear bliken dat minsken earder op de teannen trape binne.
Dat dit sa is wit ik út erfaring, want dêr haw ik sels ek lêst fan.
En omdat ik in hekel haw oan hieltyd mar wer ôf te weagjen wat wol of net pleatst wurde kin en wat wol of net goed is foar de klup of feriening en omdat ik oer in hiel soad dingen in miening kwyt wol, begjin ik dizze blog (wat in ferskriklik wurd)
Dat dy blog yn it Frysk is normaal, liket mij.
Ik hoop myn aai hjir kwyt te kinnen.
Sa faak as mooglik.
En let wol op wat de titel is: datfynik.
En dat betsjut dat jim wat oars fine meie.
Like mij sels prima.