dinsdag 3 augustus 2021

Willemstad - Sleeuwijk

 

 

In dei troch Noard Brabân fytse, neat mis mei.

Op de stank hjir en dêr nei. 

Bargen en/of hinnen stront stjonkt mear as kowepoep


Sa komme wij as earste moarns troch Klundert
it earste doarp mei in bakker,
want nei de kofje en de farske bôle bij de bakker wei
begjint ús dei echt.

Freonlike bakkersfrou
mar gjin kofje en terras bij dy bakker.

"Mar u krijgt wel koffie, wacht maar even", seit se behelpsum
Wij krije kofje fan har út de hûs wei,
hoege ek neat te beteljen
en wij sykje in muorke om efkes te sitten

In bank foarhûs, bij de buorman fierderop.
De "Leen den Hollanderbank"
Krekt wat, tinke wij.

"Wacht"seit in tachtichjierrige, dy't bûten komt.
"Ik haal even een kussen"
Sa geniete wij de gastfrijheid fan Brabân
lykas de bakkersfrou en Leen den Hollander



Yn Made wer in  moai byld 
en ûnderweis de wetterlinie bolwurken








En sa komme wij mei driigjende loften oan yn Sleeuwijk

In kreaze kamping mei in ôfdak, dat wij jûns ek wol nedich hiene

fanwege de buien.

In kamping wêr't je sa wer hinne gean soene,

at er net in A27 flakbij lâns giet

Wat in herrie, de hiele nacht troch

maandag 2 augustus 2021

Horden

 Efkes tocht ik dat Femke Bol, de horderinster

dy't yn Tokio aktyf is,

skuldich is oan it parkoers dat de twa famkes

hjoed útsette op de stoepe fan de Suderhaven.

Stiennen, stuollen, harken en biezems.

Mar doe seach ik nochris

en wist ik wol better

Beide fammen sitte op hynderriden

en sij diene hiel wat oars as Bol nei dwaan















Kruiningen - Willemstad


Dei 5 slingerje wij Seelân út. 




Earst noch bij de Westerschelde lâns 

mar al gau lâns de ikkerbou

De geur fan sipels nimme wij mei.

Wat in sipelfjilden en lit dy no krekt fan it lân helle wurde.

In prachtich oantinken oan de oarloch makke yndruk

Sa fytse wij Brabân binnen 

en sykje yn Bergen op Zoom nei de route

De Waterlinieroute, dy't ýeinlik útkomt yn Edam


Willemstad fan boppen is hiel wat oars 

as Willemstad op in drokke freedtemiddei.

Bah, ien grut terras bij it wetter

De kamping bij Bovensluis 

hat in prachtich plakje foar ús.

No noch wol.

Wat in ferhaal spilet dêr. Sjoch hjir



Zierikzee - Kruiningen

 

De 4de dei. 

Al wer moai waar.

De Zeelandbrug dat is de earste útdaging.






5 kilometerop 20 meter boppe it wetter

en foarbij razende (fracht)autos.

Dan binne wij op Noard Bevelân

Wij fytse fia Kortgene en Wissekerke

nei Kamperland om de fearboat nei Veere te nimmen

De fearboat, hoe fol kin in fearboat wêze

fregen wij ús ôf......

Op alle hoekjes sieten minsken 

en de fytsen namen in hiele dek yn beslach.

Veere, dat klinkt as in stêd, 

mar it is in stedsje fan 1600 ynwenners

en gjin supermerk......

In haven fol boaten, tûzenden toeristen

en gjin supermerk

Dus fytsten wij nei de Jumbo fan Arnemuiden 

en hearden en seagen de ferneamde klok

In klok dy't ek oanjout at it heech wetter is

Op syk nei in kamping komme wij út bij Kruiningen,

bekend fan it fearpont Kruiningen- Perkpolder

dat foarhinne de noarm wie om oan te jaan at it mistich wie 

op de Westerschelde. 

Sûnt 2003 faart dy pont net mear.

De Westerschelde tunnel is der foar yn it plak kaam


zondag 1 augustus 2021

Tiengemeten - Zierikzee

 


Wij ferlitte Tiengemeten.

Mei de earste pont sykje wij de fêste wâl wer op.


Wij sjogge op de dyk noch efkes nei de kamping.

De dei fan de diken troch it wetter

Earst it Haringvliet, dan it Grevelingenmeer.

Fanôf Bruinisse lâns it wetter fan de Oosterschelde.

Tafal of net, se hawwe dêr op de dyk

in stik fytspaad ynpikt foar in panielenútstalling

oer de komminukaasje tidens de wettersneed 1953




nei de stedskamping fan Zierikzee.

In moaie stêd en lekkere fisk bij de haven


Op de kade hawwe se flink lêst fan dy grutte seeûgels.

At je efkes net sjogge, geane se der fan troch mei it hiele bakje kibbeling, 

mei saus en al

De froulju fan de fiskwinkel

fleagen der mei grutte wetterpistoalen efteroan

zaterdag 31 juli 2021

Schoonhoven - Tiengemeten

 


Dei 2 begong gelyk mei in pont oer de Lek

Dêrnei lâns de Lek, rjochting Kinderdijk.


Dêr wiene wij noch nea west.

In moai eintsje fytsen foardat wij yn Alblasserwaard kamen.

Gebak bij de kofje,

want dizze dei stapte ik oer fan route 66 nei route 67



Doe op syk nei de oerstek mei in pont 

dy't ús oerbrocht nei Puttershoek.




Hup Keesie.... út de tiid dat reedriden noch leuk wie

Syn heit hie yn in kafê  en Kees is berne yn dit ponthûs

Us kamping wie op Tiengemeten

in eilân fan Natuurmonuminten

In pont bringt ús oer en kampeare is tastien.

Leden hawwe de foarkar om dêr te ferbliuwen

Wij binne gjin lid

dus betellen wij mear op de boat en op de kamping

Wij mochten net op in gesellich terrein stean mei beamkes 

mar hiene rom plak op in stik lân mei "metersheech"gers.

De rêst dy't wij ferwachten wie der net

op in pear kilometer ôfstân rint de Haringvlietdyk

en dêr jakkert hiel wat ferkear oer yn de nacht




Ien nacht wie lang genôch dêr

vrijdag 30 juli 2021

Hoofddorp - Schoonhoven

 


Us reis begong yn Wommels

mar it fytsen begong yn Hoofddorp.

At je de Ofslútdyk net oer fytse meie

dan kinne je krekt sa goed in eintsje fierder meiride (mei Tsjeard)


Hoofddorp dus,

dêr't de fleantugen wer yn grutte getal oerfleagen

Lâns it wetter oer Alphen, Boskoop, Gouda

nei Schoonhoven




In kamping oan de Lek.

It hege wetter wie al west 

dus mochten wij kampeare bij it wetter

In moaie kamping en Schoonhoven is in prachtich stedtsje


donderdag 29 juli 2021

Werom

 


Werom fan alwer in fytsfakânsje.
720 kilometer yn 10 dagen.
Starten yn Hoofddorp, nei Seelân fytst
fia Noard Brabân, Utert en Noard Hollân werom nei den Oever
Prachtich waar oerdei
drrigjend waar op de middei
en de lêste 4 jûnen en nachten rein.

De kommende tiid wat mear oer dizze reis

dinsdag 20 juli 2021

Underweis

 Moai waar, lange dagen

fytsfakânsjewaar

wij binne der op út

oan 1 augustus of sa....

sa no en dan in foto op twitter

fanôf in  kamping yn Nederlân

(sjoch hjir neist)

maandag 19 juli 2021

Heech gers

 


At wij ûnderweis binne
yn in ûnbekende omjouwing
dan is it ferfelend dat de ANWB poddestuollen net te lêzen binne
fanwege it hege gers.

Dus at ik dat yn eigen omjouwing sjoch
pak ik thús de haachskjirre
en los ik it op.
Freed mei Samme efkes bij de Warntille
oan it knippen west


zondag 18 juli 2021

 

It is de nacht fan sneon op snein

Brecht sliept bij ús.

In moaie sneon en mei nocht op bêd.

Sliepte lekker doe't wij in oere as 12 op bêd gyngen.

Bra,bra, bra, wie it in oer as trije

Braaaaaa, braaaa, braaaaaaaaaaa

wie it in oere as fjouwer

De sliep út, dat  miende se...

Brecht en ik nei ûnderen,

koe se efkes boartsje sa betiid op de moarn.

Om healwei sânen wriuwde se har yn de eagen.

Bedtiid dus.....

Om 9 oere wie se echt útsliept.....