zondag 16 augustus 2015

Keunst


Open Stal is in jierliks weromkearjende keunstroute yn Aldeberkeap. 
Op 22 plakken yn it doarp is fan sa'n 70 keunstners wurk te sjen. 
Moai op rinôfstân want de route is sa'n 2 kilometer lang.

Wij fytse der bij lâns,
 krekt as in soad oaren 
want de organisaasje hat wite fytsen klear stean.

Wij hiene ús eigen fyts, 
omdat wij fanút it Hearrenfean in prachtige route fytst hawwe 
om dêr te kommen.

Wat is keunst? Dy fraach stelle wij ús ek dizze middei wer.
Foar mij giet it net sa sear om hoe't iets makke is en hoe't it der útsjocht, nee, 
ik wol mij ferwûnderje oer it feit dat immen soks betinkt.
Wat is it ferhaal der efter om ta bepaalde kreaasjes te kommen.

Moai dat it boekje dat foar 5 euro te keap is dêr wat mear oer fertelt.
It is moai om in pear oerkes troch Aldeberkeap te skarreljen
en je te ferûnderjen en te ferbazen
en je hieltyd wer te realisearjen:
hast alles is keunst, it is allinne in keunst om it te sjen.......















En dat hawwe wij foar,
at wij nei it keunstsnuven net alhiel entûsjast binne oer it grutste part,
wij binne op de fyts fanút it Hearrenfean. 
Fia in prachtige bosrike route de hinnereis
en in mear iepen route op de weromreis
is de middei úteinlik tige slagge.

De Open Stal is takem jier yn july/augustus wer.





woensdag 12 augustus 2015

In fontein

"Een fontein is een natuurlijke of kunstmatige installatie die water spuit"
sa stiet it beskreaun op Wikipedia.

Ik tocht er oan doe't wij sneontejûn fanôf it Oldehoofstertsjerkhôf nei it stasjon rûnen
en wij oer in te lytse blaas kleiden.
Pisbakken genôch op it earder neamde plein,
mar dat wol net sizze dat je op in momint moatte,
at je dêr noch binne...

Rinne.. nei it stasjon
troch de Doelesteech giet it noch wol
mar at je de Prins Hendrikbrêge oerrinne
dan komt it op.......
hiel hurd giet it dan mei de druk....
dan bin je je der hast wol wis fan
dat Wommels te fier is.....
dat efkes pisje in utkomst wêze sil

"Leeuwarden krijgt een fontein bij het station"
stie der lêsten yn de krante

Wat fontein...
wat natoerlike installaasje
wat tonnen oan jild nei ûntwerp fan in Spaanske keunstner

Wij ha dêr bij it stasjon ferlet fan in pisbak
in deagewoane pisbak.
net ien of oare yngewikkeld systeem
mei tagong fia koades of tillefoan

nee, gewoan





















in piskrús,
foar ús fontein.......

Meastal dogge wij it net
dat wyldpisjen
efter de bussen tsjin in stek,
ek dizze jûn net

want justerjûn nei Cityrock gie it wer mis
de petten stiene te wachtsjen
140,- euro boete
foar ien fan de cityrockers

Wij hawwe dizze jûn gelok
dizze bussjoffeur hat begryp
hij stopt op fersyk ûnderweis
en wa't moat
pisset wyld
bij Winsum.....

dinsdag 11 augustus 2015

Hurdfytse

Moandei 10 augustus.
De Enecotour yn Fryslân
dat moatte je meimeitsje
earst bij de Bieren
letter bij de finisj

it begjint mei wat plysjemoters

allegear moters en de earste auto

en noch in auto

auto's. moters en plysjes

en de koprinners

en de kop fan it peleton

en wat oaren

en noch mear

en noch mear

en de lêsten alwer

dan noch in efterbleaune moter en auto en plysje

en dan de autos'mei fytsen

noch mear autos mei fytsen

en noch mear

ynhelje moat kinne dêr

auto's mei fytsen

ensafuorthinne

de sikenauto, mei plysje, in auto en in auto mei fytsen

de lêsten?

nee, efterbliuwers..

efter....efterbliuwers

efter...efter...efterbliuwers

de alderlêsten

yn Boalsert de Jumbo bus

yn Boalsert de finisj

op 300 meter

in kopgroepke

hast de lêste

de lêsten

maandag 10 augustus 2015

Pypskoft

In moaie fytstocht snein yn de omkriten fan it Hearrenfean en Wolvegea.
it brêchje oer de Tsjonger efter Mildaam

en it slúske 

en it stille wetter

Selsbetsjinning op prachtige lokaasje dêr flakbij

en Pypskoft, wat in prachtich wurd om te brûken


zondag 9 augustus 2015

Into the Grave


Ien foto haw ik nommen,
juster op it plein bij de Aldehou
bij it metalfeest Into the Grave.

Ien foto om mij der oan te herinnerjen
dat ik in stikje skriuwe wol
en dat ik dat stikje ek opfleurje kin mei in eigen foto.

Ien foto, haw ik mar
en dat is in ferdomd bytsje,
ik bin dan ek gjin fotograaf
want foar in fotograaf is dit neffens mij it fotoparadys

wat in portretten rinne dêr rûn:
stoere binken
swarte wiven
yn lear
yn koarte broeken
mei kettingen en noasringen
mei kistjes en lipringen
mei lange hierren
en lange burden
en mei in ferskaat oan prachtige teasjurts,
wêr't je gelyk oan sjen kinne,
wêr't se west ha
wannear dat wie
en wêr't se fen fan binne.

Myn griisblauesjurt paste net al hielendal
mar de tekst wol
"The Who....my generation"
om oan te jaan
dat de measten fan myn generaasje oer it algemien
net safolle hawwe mei metal.

Fanôf 15.00 oere dit folksfermaak meimakke
en it wie wer moai.
it wie myn fjirde kear dêr en
ik mei soks wol lije en krij der enerzjy fan.....

Into the Grave 2015
dizze kear haw ik sjoen:
Avatar (leuk)
Ensiferum (Finske folkmetal,dat mocht ik wol lije)
Obituary (de lûdsknoppen gongen flink omheech en efteryn wie it ek hiel goed te hearen)
Cannibal Corpse (goeie muzyk mar ientoaniger kin de sang hast net wêze)
Sepultura (de toppers fan de jûn, wat in enerzje, wat in fariaasje)
Sabaton (in prachtige ôfsluter mei bombastysk geweld en in protte fjoerwurk)

Om tsien oer alven
moai foar de drokte
in loopke nei it stasjon
en mei de bus werom.

it wie in moaie dei.....
sjoch de trailer (hjirûnder) noch mar in kear,
dy jout in prachtich byld hoe't it wurde soe en hoe't ek wie......



Tip foar de organisaasje:
Dit oantal liket mij echt it maksimum, en pisbakken oan beide kanten fan it plein, dat skeelt in hiele soad hinne en wer gerin.......

dinsdag 4 augustus 2015

Jumbo



Jumbo is in supermerke keten
hast oeral yn Nederlân steane der winkels
en ek yn Wommels.
In moaie winkel,
wêr't wij yn Wommels wiis mei en grutsk op binne.

Al dy Jumbo's yn Nederlân binne ek sponser
fan in hurdfytsploech
Jumbo is giel dus de sjurts ek
dat sprekt fansels ek ta de ferbylding.
....yn it giel ride.... de dream fan alle hurdfytsers

dy dream hat Jumbo ta wurklikheid brocht,
foar alle klanten
want dizze simmer wiene der sjurts te krijen
at je foar sa'n 250 euro wat kocht hiene

Ik haw it sjurt binnen
net om der no gelyk yn te fytsen,want ik haw genôch oare sjurts.

Utsein Evert Tanja,
haw ik,noch gjin grutske sjurtbesitters sjoen yn en op de sosjale media.
Ik haw Evert der noch net yn fytsen sjoen
ek noch net yn meanen sjoen trouwens

Ik bin benijd hoefolle sjurts Jumbo hjir yn Wommels útjout.
Miskien moatte al dy Jumbosjurtbesitters
de kommende neisimmer dêr meielkoar efkes mei pronkje
mei it fytstochtje yn üs omkriten
as in aardichheidsje
allegear yn it giel........


zondag 2 augustus 2015

Gjin wyn

It slotstik fan de SKS wie gjin sukses en it begjin fan de IFKS ek net.
Bledstil op it Iselmar bij Hylpen.
Gelokkich hiene wij in moaie lisfytstocht (70km). 

Mei, ik doar it hast net te sizzen, twa kear yn 'e wyn. 
Fansels mocht pontbaas Menno Sappe op de foto mei Jellie en brocht hij ús fan it Heidenskip nei de Gastmar.