zondag 17 mei 2026

Kampioen

 SDS 1 is kampioen wurden

Dat is in prima prestaasje

Lokwinske!

De beslissende wedstriid is yn Tollebeek

Dat is mij te fier op de fyts

en as ûnderdiel fan in groep mei de bus

is neat (mear) foar mij

Dus gean ik nei in oare kampioenswedstriid

Op de fyts nei Frjentsjer

wêr't de beste ploech fan 4b, Lions '66 kampioen wurde sil

In puntsje is genôch.

Mar de tsjinstanner moat winne om noch in perioade te pakken

Op it fjild in goeie wedstiid,

wêr't Lions folle better is, 

mar de thúsploech striid foar alle meters

It wurdt 3-1 foar sc Franeker, 

se hawwe der neat oan 

aant op oare fjilden binne de útstaggen net goed foar harren.

Lions is in minne ferliezer

Spilers ferlieze harren sels yn it fjild en de skiedsrjochter

moat wol gauris in kaart útdiele

Bûten it fjild, in mislike sfear en mislike taferielen

At it dien is, falle der klappen, der binne fernielings

It binne gjin supporters fan ús seit de foarsitter fan Lions.

It binne de Cambuur hooligans dy't in stadionferbot hawwe

en oeral yn de provinsje foar ellinde soagje.

De ME stiet klear, mar bliuwt op ôfstân

Oppakke dy lju, hie ik ek goed fûn.



Geen opmerkingen: