zondag 10 mei 2026

Boarterstún

Yn ús strjitte is in boarterstúntsje

In pear tastellen foar de bern

en in bank foar heiten en pakes om op te sitten 

Yn de boarterstún lizze meast houtsnippers, 

mar troch de jierren hinne

groeit it ûnkrûd flugger as de houtsnippers bedekke kinne.



It sjocht der betiden net út.

Ferline simmer in pear kear mei de skoffel oan de gong west

en it wie no wer tiid.

De tún is fan de gemeente en dy sizze

"wat in wurk, helje dat ding der mar wei,

want der boartsje hast gjin bern yn"

Hoe't se dat witte, is mij in riedsel,

ik sjoch dêr faak wol bern

De buertferiening fynt it allegear wol prima.

"Is net fan ús dus wij bemuoie ús der net mei".

Dus gemeente passyf en de buertferiening ek.

Dus pakte ik ferline wike tiisdei de skoffel en set ik útein.

Buertgenoat Fred wie der feitlik al klear mei,

mar hij gie ek los mei ûnkrûdwjirdje.

Nei twa kear in heal oere wie it tongersdei klear.



Fred docht de gemeente berjocht, dat wij harren wurk dien hawwe

en freget om houtsnippers

Dy reagearret

"Struiken worden na de bloei door onze groenmedewerkers gesnoeid.

Ook worden de snippers aangevuld als deze weer beschikbaar zijn.
Het werk staat als periodiek / standaard onderhoud gepland.

Wij binne net optimistysk nei sa'n berjocht

mar grut is ús ferbazing at wij freedtemiddei sjogge

dat de houtsnippers al levere binne en sels goed ferspraat.



Langleve ús fierstentegrutte gemeente

en dûk de buertferiening mar op.



Geen opmerkingen: