zondag 3 mei 2026

Joy Divison Undercover

Selden sa'n moai konsert meimakke

yn de lytse seal yn Neushoorn.

De Arena, sa hjit dy seal, is net fol op dizze sneontejûn.

Noch gjin 200  leafhawwers binne ôfkommen

op Joy Division Undercover

Ik gean foaroan stean en dat is in seldsum goeie kar

Wat in fantastysk konsert om te sjen en te hearen

It lûd is sublym, lykas de lêste tiid faak yn Neushoorn

De band makket gjin wurden smoarch 

oan oankundigingen en tanksizzingen.

Net in wurd sizze se, útsein de sang.

90 minuten Joy Division is sa'n bytsje it hiele repetoir

want de band hat mar twa albums makke tusken 1975 en 1980

Doe makke sjonger Ian Curtis in ein oan syn libben

Miskien wol dêrom is dit mei in legendaryske band.

Myn broer is der ek en dy seit terjochte nei ôfrin

"Ik moat se alle jierren in kear sjen" 

en dat slagget him aardich.

Folgjende kear bin ik der wer bij




Geen opmerkingen: