5 maaie wie it befrijingsfestival yn Ljouwert
Foar mij is dat foaral muzyk.
It muzykskema joech wer aardich wat mooglikheden.
It Noarderwynpoadium fan Omrop Fryslân
hie in kreas opfolgjend skema wat mij wol oanstie
Graaflandgraaf, dy hie ek al ris yn Neushoorn sjoen
hearlike punk mei in sjonger dy't fol passy punkt
Asbest, dy hie ik al ris yn Neushoorn sjoen
en dat wie doe in rockfeesie yn de lytse seal
Op it grutte poadium foar aardich wat publyk
ramden se der lekkers wat nûmers út.
Hearlike rock mei sfear brocht.
Seewolf wie de tredde band en dy haw ik al wit hoe faak sjoen
It ferfeeld net.
Sij hiene mar in stik as 6 nûmers nedich om it healoere fol te meitsjen.
Ik hearde om mij hinne : is it no al dien.
Ja, dat is sa mei moaie lange nûmers.
Griene Wâlden is nij, sij dogge folmuzyk
In man as 10 op it poadium en mei wat Ierske meisjoggers
waard it in gesellich barren.
....
Dat wie myn ein,
It wie moai west.
Gjin Jitizer
Gjin Scene mei Syb,
gjin Douwe Bob
en ek gjin Metal op it Neushoorn poadium
Geen opmerkingen:
Een reactie posten