vrijdag 15 mei 2026

Heechspanning

Ik bin yn Heech bij Heechspanning

It is tongersdei, Himelfeartsdei

Der is mear folk dêr, it is drok.

Ik doch myn bêst om wat leuke muzyk te hearen.

Thús al efkes socht yn it programma op ynternet

mar ik bin  bang dat ik mij ferrasse litte moat

Ik gean úteinlik nei

Astrid en Anneke, 

dat doch ik fanwege it feit dat Anneke in kollega fan mij wie

en sij nei dat wurk har rjochten hat op toaniel, kabaret en sjongen

In moedige kar en ik sjoch har talint

Moaie stim en in spontane ynteraskje mei pubyk

Dat publyk binne 80-tigers, 

want ik bin oanskood yn Talma hûs

en harkje nei Brandend Zand, ome Jaap, op een moaie Pinksterdageen het Dorp

Sa, dan haw ik dat mar hân........

The North County

Ik neam it mar efkes gospelmuzyk 

mei Johan Keus as gitarist en soms as sjonger

Ik pik 4 nûmers mei en fiel mij in stik lichter

Late Date

Sij sette in lekker swingende set del

foar de RK tsjerke.

Nettsjinsteande de toeters mei ik der wol oer

Robert ande the Orange Blossoms

Trije akoestyske gitaren

twa froulju, ien man

en trije sjongende stimmen

It klinkt goed en it is goed om dat te hearen

Paddy's Day Off

Fol ferwachting nei dit optreden, mar helaas

Op it drokste punt komt de "Ierske" sang 

hast net boppe it pratende folk út

(ferline jier wie it hjir krekt sa mei Faam!)

Putkapel

Dêr wurde de Hegemers bliid fan.

Ik net, 

ik hoop dat se gau oan de kant gean en romte meitsje foar

Blaas of Glory


It soad wille en in unike akt

Ik haw se earder sjoen op it rockfestival

dus is it nije foar mij der wat ôf.

It is wol leuk. mar dy iene toeter 

is sa lûd dat de sjonger der in soad lêst fan hat

en it publuk noch folle mear.

It liket der net op dat de toeteraar fan plan is

 it folume nei ûnderen bij te stellen

Tiid om te gean


It komt net allegear entûsjast út myn pinne

en dat klopt

Mar let wol, it is in fergees festival, der is foar elts wat

dus úteinlik dik tefreden oer dit fermaak


Geen opmerkingen: