dinsdag 31 maart 2026

Reitsma

Yn Diggelfjoer fan april in artikel skreaun oer slachter Reitsma.


Wij skriuwe 1904. De Boalserter trekfeart, dy’t troch Wommels rint, is in drok farwetter. Frachtskippen mei stront en sân. Foar Tsjalling Reitsma (1877 – 1948)  in reden om krekt dêr in oan de Molewâl in slachterij te begjinnen, omdat skippersfolk leafst iten ynslacht bij winkels oan it wetter. Pikel bakken ûnder en boppe wurdt de spek rikke. Yn 1948 giet de winkel oer nei soan Anne Reitsma ( 1911- 1965) en Ymkje van der Velde (1916- 2005). Yn 1965 binne der meardere slachters yn Wommels en ien dêr fan stoppet. It is in moai momint om de “deade” Molewâl  te ferlitten en yn it sintrum fan it doarp in winkel te begjinnen.  Terp 5 wurdt it nije adres en op 19 septimber  2026 fan dit jier is it 60 jier lyn dat de modern ferboude winkel iepene wurde kin. It  moderne sit him dan foaral yn de toanbank wêr’t je de produkten sjen kinne en útsykje.  Foarhinne leit alles yn in grutte kuolkast. Efter de winkel komt in nij slachtplak, want yn dy tiid slachtet de slachter sels. 

Tsjalling en Annie binne dan it nije slachtersgesin en mem Ymkje en oare famyljeleden wurkje noch folop mei. It jout wol wat rûs yn it doarp want de slachter hat ek oar itensguod te keap lykas Brinta, Hak grienten en Van Nelle Supra kofje.

Tsjalling Reitsma sjocht mei nocht werom op de tiid dat hij sels slachte. Moarns earst de “libbene keuring” en middeis at it bist slachte is de fleiskeuring.

Tsjalling Reitsma hie froeger ek wol boer wurde wollen, dus sels wat lân en fee hâlde is in moaie, sinfolle en praktyske “hobby”. De slachte kij komme altyd bij de boer wei en nea fan in feemerk. Tsjalling wit noch te melden dat de earste ko dy’t hij slachte bij Tjeerd Nijdam wei komt en de lêste bij soan Murk Nijdam.

Yn dy begjinjierren kost in pûn fleis 1,20 of 1,30 en it fleis is 1,80. Yn gûnen fansels.

De drûge woarst fan harren hat in eigen unike smaak neffens in resept  fan pake Tsjalling. Op 1 july 2006 stopje Tsjalling en Annie Reitsma mei de winkel en drage it oer oan Murk Okkema dy’t jierren slachtersfeint is bij de Reitsma ’s.

Op dy datum hawwe se 40 jier winkelman en winkelfrou west en mei 65 jier is dat in moai momint om te stopjen. It slachtersfak is in swier berop, seker at je sels slachtsje. Moai dat sij no 20 jier oan de râne fan it doarp genietsje kinne fan frije tiid. 

Mear oer it petear en moaie foto’s binne hjir ûnder te sjen


Wat foto's en oanfullende tekst
(foto's komme fan de Facebookside Wommels troch de tiid of fan de famylje Reitsma)

Sa moat it der ek útsjoen hawwe yn 1904

doe't pake Tjalling Reitsma de slachterij begong oan de Molewâl 

Rjochts op de foto leit in skûtsje foar de winkel fan Reitsma 




Sa sjocht  it der út yn de jierren 60. 

Gjin boat mear te sjen en de winkel stiet dus net mear op in sintraal plak





Dit is de Terp ek yn de jierren 60/70

De slachterij fan Felkers, wêr't Reitsma yn 1966 yn komt,  links op de foto

Mei de winkels fan Douma, van der Meer/Kappe en Smeding in echte winkelstrjitte




Dan wurdt it 1966 en de winkel/slachterij fan Reitsma is ferhúze nei de Terp

In ferbouwing troch timmerman Frankena en in iepening troch boargemaster Alta op 19 septimber 1966


It assortimint wurdt dêr oan de Terp ek grutter. 
Net allinne fleis, woarst en gehakt mar ek 
Brinta, Honig sop, Supra kofje of Blue Band hoege je net nei de Spar, de Vivo of de A&O fierderop yn it doarp.





De famylje Reitsma bij de iepening:

Tsjalling en Annie (midden) mei syn mem susters




Ek slachters moatte mei de tiid gean. It fondueën wurdt populêr en Tsjalling en Annie helje it Fondu brevet

Wer wat letter rekket komt ek de barbekjoe populêr en ek dêr gean se foar



4 febrewaris 2004 is it in heuglike dei. Slachterij Reitsma bestiet 100 jier. Dat wurdt fierd



Noch wat nijsgjirrige ynfo

  • De twa slachters Anne Reitsma en Felkers gean op tiisdei tegearre mei de bus nei de feemerk yn. Snits. Se keapje beide in ko en litte dy mei de feewein thúsbringe
  • Yn de tiid dat Tsjalling en Annie yn de winkel oan de Terp komme, wurdt de grientewinkel fan SWmeding in Spar en komt ek Berend Delfsma as wenningynrjochter oan de Terp
  • Tsjalling wol boer wurde en giet  nei de lânbouskoalle. It boerfak leart hij bij Ate Greidanus. Mar sels boer wurde is finansjeel net helber. At Tsjalling syn heit op jonge leeftyd ferstjert is de opfolger ....Tsjalling
  • Op ien dei in kear 11 stiks fee slachte
  • Yn dy 40 jier dat sij yn de slachterij sitte, feroarje foaral de rigels oangeande hygiene en feilichheid.






Geen opmerkingen: