woensdag 25 maart 2026

QR fers

It Fryske Fersenpaad rint fan Iens nei Boalsert. 

Op ferskate plakken stiet in boerd mei in gedicht

Der wurdt ek wolris ien fernield.


Sa as dizze bij Wommels

Hij is lang leech bleaun

mar ik haw der dizze winter in QR koade op plakt

Dy sit er al twa moanne op.

Efter de koade sit in fers.

De test wiist út dat der 60 minsken de muoite dien hawwe

om de tillefoan út de bûse te pakken

en de QR koade te skannen


Ik wit net at it in soad is of in bytsje



Geen opmerkingen: