In rockband foar baern
Dat like mij in moai fersetsje foar de trije jonges fan 11, 9 en 8.
Op sneintemiddei sette wij ôf nei it Bolwerk yn Snits
It is op dizze sneintemiddei in drokte fan belang
yn de buert fan it Bolwerk yn Snits
want der is kermis op it Martiniplein.
Mar yn it Bolwerk is it rêstich.
Te rêstich om der in grut feest fan te meitsjen liket mij sa ta.
Dat falt ta,
dy Hippe Gasten witte wol rie mei sokke middeis.
In leuke rockband foar bern
mar ek foar de heiten, de memmen, de pakes en de beppes
Ynteraktyf hjit ta en dat falt goed yn de smaak
De jonges hawwe lêst fan de remmende wurking.
De iene sjocht nei de oare at dy ek mei beweecht
en de oare sjocht nei de tredde foar it selde.
It is wat wennen sa.
De famkes yn de seal hawwe dêr gjin lêst fan,
dy springe, dûnsje, dy sjonge mei en dy roppe
De polonêse bringt feroaring
Elkenien docht mei
ja, sels ik
ja, sels de trije jonges
Dan meie se allegear op it poadium
en de band yn de seal,
dat is ek in goed ûnderdiel
Dat fine se leuk...
De akt mei de man meit it burd fyn ik wat minder
mar sij genietsje der fan at ik yn it ljocht setten wurd.
Jellie en ik fine it in slagge middei
de bern fine it ek in moaie middei,
mar dat strielden se pas letter út



Geen opmerkingen:
Een reactie posten