Ik bin der hielendal klear mei
Dy berjochten en ferhalen oer earste ljipaaien
Wat in freeslik spultsje is dat
dat sykjen om it earste aaike
Dat fyn ik net omdat se sels net fine kin
nee, dat komt fan dy berjochten yn de krante
Ik sjoch foto's fan bern
dy't it earste ljipaai fûn ha
Ja seker, oan de hân fan heit
dy't sels it earste foar grutte minksen net fine kin
en dus op syk giet nei it earste aai fûn troch in bern
(mei de eagen fan in folwoeksene)
Ja seker fertel mij wat.
Nep, fake, besoademiterje
en de krante der mar berjocht oerdwaan.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten