zondag 22 maart 2026

Bluesrock

In band mei namme is Ten Years After. Yn 1969 op it legendaryske festival Woodstock binne se ferrassend goed en hawwe se foar ivich harren sound delsetten. Dizze sneontejûn stean se yn it Bolwerk yn Snits en binne se net mear ferrassend mar wol hiel goed.

De 80 jierrige Ric Lee is de drummer en hij is it ienige orisjiniele bandlid fan doe.

De sound fan Ten Years After stiet mij tige oan, mei moaie gitaarpartijen en hearlike toetsen.

Sa't TYA it op dizze toernee yn Europa bringt is wer dikke prima. It lûd yn it Bolwerk is  bêst genôch en 5 kertier TYA is in genot om nei te hearen en te sjen.
Dat lêste komt miskien wol de enerzjy dy't de band útstrielet en de moaie ljochteffekten. 

De jierren 69 drumsolo mist fansels net en dan begryp je ek wêrom Rick sa'n boppemjittich grut drumstel hat: oeral wêr't in lûdsje úthelje kin docht er.

De útferkochte seal fol leafhawwers (wat is der in bytsje praten tidens de muzyk!) wacht hiel lang op it favorite Going Home en de ynkoarte ferzje kin myn toets fan krityk mar krekt trochstean.

Dan is it om 22.30 tiid foar de Bintangs. Dy bestean 65 jier, ek mei noch ien orisjiniel lid: Frank Kraaijeveld.

Ik mei graach oer dat typyske Bintangs lûd. De rauwe sang fan Frank, de ynbanniger lieten songen troch Dagmar, de hearlike strakke drums wêr't elke klap der ta docht en myn favorite lûd de slidegitaar.

Se brâne der flink op los mei de iene nei de oare "hit", want echte hits hawwe se mar in pear hân. 

Bintangs stoppet der mei, dit sil de lêste kear yn Fryslân west ha.

Yn 1982 seach ik se foar it earst yn it Dielshûs yn Wommels en ik seach se totaal tenminste 14 kear yn Wommels (4 kear), Bolwerk (3 kear), Iduna, Sint Anne (2 kear) Bakhuzen, Warkum, it Hearrenfean en Annen.

Ten Years After haw ik yn 2011, 2019 en no yn 2026 sjoen. 

It wie in moaie jûn mei gesellige entûsjaste minsken en ûnder in prachtige stjerrehimel fyts ik mei nocht op dy hiel betide sneintenacht nei hûs



Bintangs



Ten Years After


Geen opmerkingen: