It giet net sa hurd mei de persintaazjes,
mar it bliuwt in moaie útdaging.
Wandrer, myn fyts"freon"dy't alles fêstleit.
In programma dat hieltyd nijsgjirriger wurdt.
Nim no tiisdei.
Ik hie al in pear kear sa wat omfytst yn Dronryp
mar ik wie der noch lang net,
Dronryp hat 54 kilometer oan diken en /of fytspaden
Ik hie der 30 fan fytst en dat is sa'n 57 %.
Myn doel is om elk doarp op 75 % te setten.
Dus thús fan te foaren in route útsetten
lâns dy paden en diken yn en bij Dronryp
wêr't ik noch net west ha.
Dus fytste ik hjoed hjir lâns
Stikjes der fan hie al ris west,
mar al dy dearinnende betonreden wiene nij.
Foar de brêge rjochts bijgelyks, it lân yn,
mar leafst 2,8 kilometer fier
en doe stie ik wer bij it kanaal
Totaal fytste ik hjoed 8 nije kilometers
en dêrmei sit it totaal fan Dronryp no op 38 kilometer
Dat is 69 % en dat betsjut dat ik noch 6 % helje moat
en dat is sa'n trije kilometer
It aardige is no ek dat je fan oare lju ek sjen kinne wat dy diene hawwe per doarp.
Ik wist net dat er mear sa'n hobby hawwe.
Mei Dronryp stean ik der goed foar......
Hjirûnder in print om in byld te jaan, hoe grut Dronryp is.
De strakke reade diken moat ik noch.
Noch ien kear Dronryp tink ik
en dan sil ik fuort de lêste 8 % fan Menaam ek fytse.
2 opmerkingen:
A goeie, moast de headyk ff fytse, dan bist klear
Uh, ik bedoel de puoldyk 🤭
Een reactie posten