Wij fytsten dit jier in stik lâns de Rijn nei Nederlân ta.
Underweis sochten wij nei herkenninsgpunten,
want wij hiene dit earder fytst.
Wannear dat krekt wie, wisten wij sa ûnderweis net
(je wurde in dei âlder en dan skynt it ûnthâld wat minder te wurden
en sommigen merke dat gelyk)
Thús sjogge wij yn de plakboekenkast,
want it sil in jier west hawwe
dat Jellie noch plakbeoeken makke.
It wie yn 2010.
Der wiene wat oerienkomsten,
mar mear ferskillen
De oerienkomst wie dat wij doe ek mei Tsjeard ride koene nei Bazel ta,
ik kin better sizze , hij hat ús spesjaal brocht.
en dit jier koene wij meiride
Wij kampearden doe, no hiene wij it genot fan in hotel
Wij seagen in dei foar';ut , no twa
Wij makken ús eigen pasta doe klear, no wie it foaral Döner kebab en pizza bij de Turk
Wij lisfytsten doe, no op de fyts mei ûndersteuning
Wij hiene hyt waar doe , it wie no noflik fytswaar
Wij setten moarns ús kofje sels, no sochten wij de earste de beste bakker
Wij wiene doe Dombier drinkers, no wiene wij soamd doms en dronken bier
Wij fytsten doe sa'n 1100 kilometer, it wiene no 1200
De earste kamping yn Reinach ûnder Basel |
Mei in ÖneWheel"der efter , koe alle bagaazje mei |
Bij Koblenz, mei pontsje fan kamping nei stêd |
Freeslik, dat geprutst mei kofje en sa..... |
Klimme mei in tsjil der efteroan is op it lisfyts in ütdaging |
Sûnder tsjil der efter, is klimme op in lisfyts dreech |
Yn de fakânsje wat Dom bier drinke |
Koblenz, fan kamping nei stêd |
Bij de Lorelei |
It wie ôfsjoen wat heuvels, in genot op de lisfyts |
Al wer pasta? |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten