zondag 21 juli 2024

Lokaasje X

Gjin foto's en fideo's nimme

en graach net op sosjale media fermelde.


Dat wie de  fermelding op de útnoeging 

foar in unyk konsert yn in doarp

yn ús fierstentegrutte gemeente

De buien binne krekt oer

at wij nei dat doarp tafytse

De paraplu's kinne fuort 

at it om klokslach 15 oere begjint.

Piano, gitaar, fioele en trije stimmen.

Twa mannen en ien frou.

Lieten fan Supersister, fan de Nits, fan Swee  en Reboelje

Komposysjes fan Beethoven, Foret en oaren dy 't ik net kin.

Natoerlike lûden fersteure de klanken net.

In hynder dat foarbij kleppert op in betonpaad

en hoanne Roel dy't om oandacht kraait.

De sinne kipet troch de beammen

at wij de Tunnel fan it Ljocht heare.

De wyn hellet efkes oan bij de Dutch moutains.

Yn it skoft treffe wij âlde bekenden.

It wie in bysûnder barren dêr,

ta eare fan in 75 jierrige muzykleafhawwer

dy't libbet as God yn K.


Gjin foto's, gjin stikje fideo, 

dan dus mar in eardere opname fan Tjerk Bootsma,

mei in liet dat hij fannemiddei ek song.





Geen opmerkingen: