Ik haw gjin idee wa't oer dy reade hânwizers giet.
Ik haw ek de moed net mear om der efter oan te gean.
Om bij de goeie ynstânsje,
de goeie persoan út te kommen
binne je meast hiel wat tillefoantsjes fierder.
Ik hear se it al sizzen.
'Wêr stiet dat boerd, oh bij de Weakenserbrêge?
Oei, dat is de Waadhoeke, dêr moatte je dan wêze".
"Iens, nee dat leit yn Súdwest Fryslân,
dy binne ferantwurdlik foar harren eigen plaknammen".
Oh, dy ferwize nei ús, dat is net goed.
Miskien kinne jo de ANWB of de Provinsje of it Ryk oanskriuwe of belje.
Oars mar fragen yn de twadde Keamer".
Ik leau it wol.
Ik jou neat troch.
Lit se mar moai rjochting Wommels fytse
dan komme se fansels troch Iens
en sûnder dat se it begripe ek troch Lens
Dat er flakbij oan de Weakenserdyk
al jierren ek noch in boerd stiet mei Weakensderdyk is fêst tafal
Geen opmerkingen:
Een reactie posten