maandag 25 juli 2022

Pop yn Riis

 It is bloedhyt yn de teatertún yn Riis

at it "Gaasterland Popfestival" sneintemiddei plakfynt.

In oven gelyk en respekt foar al dy hûnderten dy't

de sinne trotseare

Wij sitte noch krekt yn it skaad.

Wij hawwe de (lichtgewicht) kampearstuoltsjes mei

At minsken it yn dy tropyske omstannnichheden sa lang úthâlde

dan moat it programma wol goed wêze.

Dat is it.

In geweldige programmearing

mei hast allinne mar hichtepunten


Tim Birkenholz, de sjonger gitarist fan Electric Hollers
set allinne mei syn gitaar in hearlike bluesset del.
Wat in gitarist en hij krijt it publyk lyk al stil


Ad VanderVeen, bij it grutte publyk net echt bekend, wylst hij mei syn 35 cd-s wol tige produkyf is. In hearlik optreden yn kafee Max in oantal jierren lyn stiet mij noch bij.
Myn ferwachtingen binne te heech.
Se boeie net genôch en om mij hinne wurdt hieltyd mear lûd praten oer oare dingen.
Spitich dat hij sels net yn de gaten hat dat je bij in optreden fan in oere
net tefolle lange ferhalen fertelle moatte..


De ferrassing fan de dei komt fan Barrelhouse.
Hearlike blues en Tineke Schoenmaker en band  krije it spul nettsjinsteande de waarmte yn beweging
Lekker gitaarwurk fan de bruorren Laporte 


Op it lytse poadium it tuskenprogramma.
Moai hoe't se dat dogge dêr
De Dj dy't muzyk út de jierren 60 en 70 draait
of  Two Faces dy't live dat repertoire ek bringe.
De "pauzes" sinne suver gjin pauzes



Jan Akkerman is de gitarist mei namme 
en hij makket it wier.
De Brainbox en Focus nûmers dogge it noch goed bij dit publyk
Presintator Douwe Kool oerfalt Jan Akkerman suver at hij oanjout dat it tiid is.
Hij wol noch graach efkes trochgean


Tink net dat ik bij it optreden fan Amy Winehouse trip efkes in wyntsje helje of sa

Sij spylje foar Jan Akkerman en band

Gjin foto mar wol in swingend optreden.

Net myn sjênre, mar in prima band

en de fuotsjes komme hieltyd mear los

no't de sinne ek wat sakket en foar mear skaad soarget.

De lêste band Hayfever hâlde wij tegoed foar in letter momint

op in earder tiidstip

Gaasterland Pop 2022 is in prima muzykdei

yn in relekste sfear mei jong en âld 

en in prachtige lokaasje.

Wij hawwe ús fan trije oant healwei âlven prima fermakke

De programmearing sit goed ynelkoar

It iten is bêstgenôch en it bier is lekker kâld.

Jan de Boer en konsorten, tige tank

wij hoopje der oer twa jier wer bij te wêzen








1 opmerking:

Anoniem zei

Spitig dat ik hjir net by wie.