zondag 3 juli 2022

Rock yn Reduzum

Feest bij de Kf yn Wommels,

mar ik moat efkes yn Reduzum sjen.

Dêr is in lyts iepenloft muzykfestival

mei û.o Farsk, Jack Bottleneck en Jitizer

No haw ik Jitizer lêsten op Aaipop sjoen

en better sil it net wurde mei al dat jongfolk,

dat foar it bier en de wille komt

Yn Reduzum gean ik foar syn band en Jack Bottleneck.

mar dat falt met mei.

It is iets te relekst. 

Miskien hawwe se harren krûd al fersketten yn Frjentsjer 

bij in earder optreden dizze dei.

Nee, dan Farsk

op Aaipop prachtich en no wer.

Prachtich repertoire mei entûsjasme spile



Muzuderock Iepenloft

it kin wol wer ris, it wie noflik.

En der kin dan wol in pakesizzer mei haw ik wol sjoen......

Dan noch in hichtepunt fan dizze jûn

in orizjinele setlist fan Farsk,

mei tank oan Geartsje, 

dy't op har dûnstocht troch it grind 

ticht bij it poadium har kâns sjocht

Myn earste ea, komt yn myn plakboek






Geen opmerkingen: