Fannemoarn earst 8 kilometer draafd en dêrnei op de fyts fuort.
Fia de Jouwer en Stobbegat komme wij yn Akkrum.
Akkrum, dêr moatte je altyd foar de brêge wachtsje.
Wij ek.
Wij gean de wachtsjende auto's foarbij en slute oan bij twa fytsers.
In jonge en in famke. In jier as 15.
Beide hawwe se twa Skerjontsjes ûnder de snelbiner
"NIje klompen kocht?" freegje ik.
"Ja" seit de jonge optein
"Wêr kinst dy krije", frege ik belangstellend
"Bij de Hubo yn Akkrum" jout er oan
"Rinst altyd op klompen", freegje ik wylst ik tink oan myn krop dat dêr net fan hold froeger.
"Nee, mar dit is foar it protest" seit er.
"Protest?"
"Ja, it boereprotest. Wij gean sa allegear nei skoalle moarn, mei klompen en in reade bûsdoek".
"Mei learkes op it krop, rinne se better,"seit myn frou noch.
"Ja, dy haw ik yn de tas, dy set ik der thús op.
De brêge wie ûnderwilens del en nei it hoi setten se ôf.
Hij op de elektryske fyts en sij hong oan syn earm op har gewaone fyts.
Nei hûs om de learkes der op te setten en moarn knoffelje se op klompen om.
Je moatte wat (jild) oer ha foar in in protest
Geen opmerkingen:
Een reactie posten